HEA! Thús op Skiermûntseach

HEA! Goeie Skiermûntseach
Op de stoepe foar hotel Van der Werff op Skiermûntseach meitsje Rob en Tim Jan in praatsje. Beide mannen binne gjin echte eilanners, mar dochs fiele se harren der goed thús.
Rob komt fan Den Haag en wennet al 40 jier op it eilân. No is er mei pensjoen, mar hy ferfeelt him net.
Tim Jan is in Grinslanner dy't 14 jier lyn op Skiermûntseach kaam te wenjen. Hy koe doe fuort oan 'e slach yn de hoareka, by it strânpaviljoen fan syn efterneef. En no besoarget er alwer seis jier de kranten, de post en pakketsjes op it eilân. Dat foldocht him goed, want de postrinner ken no elkenien en se kenne him ek.