HEA! Dûnsje mei dy yn Berltsum

HEA! yn Berltsum
Wer efkes lekker dûnsje lykas eartiids en tagelyk nije minsken kennen leare. Dat is de bedoeling fan it dûnskafee foar âlderen yn de diskoteek yn Berltsum.
Wolwêzensorganisaasje Connexa dy't de dûnsmiddei organisearret wol minsken sa ek oan it bewegen krije. De meast froulike besikers genietsje enoarm op de dûnsflier.
DJ Quickfinger draait de iene nei de oare 'Golden Oldie' en it duorret net lang foar't de besikers yn polonêse troch it kafee rinne.