Wrâlderfgoedstatus fan it Waad wichtich foar beslút gaswinning

Ternaardkust1
De Waadkust by Ternaard © Omrop Fryslân, Remco de Vries
By it beslút oer de gaswinning by Ternaard moat it ministearje fan Lânbou en Natuer (LNV) ek de UNESCO wrâlderfgoedstatus fan it Waad belûke. Dat skriuwt de Waddenacademie yn in advys dêr't it ministearje sels om frege hat.
De natuerfergunning foar gaswinning by Ternaard moat oan folle strangere easken foldwaan as earder tocht. De UNESCO wrâlderfgoedstatus ferplichtet dêrta.
De NAM wol gas winne by Ternaard ûnder de Waadsee. Dêr is in soad ferset tsjin. Under oare fan it wrâlderfgoedkomitee. It ministearje fan Lânbou en Natuer beslút oft de natuerwetfergunning dy't foar de winning nedich is der ek komt.
Dat duorret al hiel lang. Te lang fynt de NAM. Dus is dy hjiroer in saak begûn by de Raad van State. Dy docht dêr dizze woansdei útspraak oer.

'Uitzonderlijke universele waarde'

Lannen mei in gebiet dat in UNESCO wrâlderfgoed status hat lykas it Waad binne ek juridysk ferplichte om de kwaliteiten fan sa'n gebiet goed te beskermjen en te behâlden. Dat hat de Waddenacademie ek alris earder fêststeld.
Ternaardkust2
It Skoar by Ternaard oan it Waad © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dat is de saneamde 'uitzonderlijke universele waarde' fan in gebiet. It ministearje woe fan de Waadacademie witte oft it dêrfoar genôch is as je de fergunningoanfraach fan de NAM toetse oan de besteande Europeeske Natura 2000 ôfspraken en de nije Omjouwingswet.

Fergunningferliening sjit tekoart

Dêroer is de Waadacademie dúdlik; dat is net sa. Oftewol; de wize wêrop't it ministearje oant no ta fergunnings ferliend foar aktiviteiten yn it Waad sjit hjir tekoart.
Dêr is wol wat oan te dwaan, sa jout de Waddenacademie oan. Foar in Europeesk beskerme Natura 2000 gebiet, binne der in beheind oantal beskermingsdoelen dy't helle wurde moatte. Dat neame je 'instandhoudingsdoelstellingen'. Dy doelen soene je ferbreedzje kinne, mar dat is net fan de iene op de oare dei regele.