Ut it libben: Maaike van Dijk, wrotter mei leafde foar de minsk

Maaike van Dijk
Maaike van Dijk © Swaen van Dijk
Sy wie in wrotter, sy wie altyd oan it bealgjen. Maaike van Dijk fan Koarnwert libbe mear as 60 jier op it plak dêr't se ek ferstoar, op Boeyenkamp.
It wie in pleats op 'e romte, ûnder de reek fan Makkum. Op har 19e kaam Van Dijk der mei har man Ate op de buorkerij, dêr't se de kij tegearre melke soene.
Letter waard de pleats omboud ta maneezje. Dat is it no noch altyd. Mar sûnder Maaike. Sy ferstoar op 10 novimber 2023.
De dochters, in beppesizzer en in meiwurker fan Maaike van Dijk
De dochters, in beppesizzer en in meiwurker fan Maaike van Dijk © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De widze fan Maaike van der Gaast stie yn It Heidenskip. Se wurdt berne op 19 juny 1942. Op har 19e ferhuzet se mei har man Ate van Dijk nei it pleatske by Koarnwert. Se soe dêr de rest fan har libben wenje.
Al gau komt it measte wurk op har skouders telâne, want al jong wurdt Ate syklik. Fan hertklachten oant prostaatkanker en oare minnichheden, Ate kin it wurk net mear echt dwaan.
Maaike van Dijk by it ringriden
Maaike van Dijk by it ringriden © Swaen van Dijk
Ate en Maaike krije trije bern: Swaen, Johannes en Gerlanda. Se wurde berne yn de jierren 60. De bern groeie op yn in húshâlding dêr't heit it measte thús is en mem har fierder ûntwikkelet.

In tûzenpoat

Maaike is in trochpakker en hurde wurker, mar benammen ek ien dy't graach fierder komme wol.
Sa wurket se yn de soarch. Earst yn Makkum as nachtsuster en letter by Frittemahof yn Snits, dêr't se úteinlik adjunkt-direkteur wurdt. Heit Ate docht benammen de thússaken. Mei de bern, want yn de famylje ha de bern ek harren rol. Eltsenien wurket mei.

Pleats wurdt maneezje

Sa seit dochter Gerlanda: "Eins draaiden wy as bern mei it bedriuw mei. Foardat we nei skoalle giene, hiene wy it fee al dien."
Healwei de jierren 70 giet it grutfee fuort en komme der skiep en hynders. Yntusken docht mem Maaike ek noch in oplieding foar maatskiplik wurk. Dat komt goed te pas by de maneezje, dêr't de pleats stadichoan ta omboud is.
De pleats Boeyenkamp
De pleats Boeyenkamp © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Aldste dochter Swaen wol graach fierder mei de hynders. Der komt in rydbak. Fan feehâlderij wurdt Boeyenkamp in maneezje. Fan begjin jierren 80 ôf groeit de maneezje hieltiid fierder út. Der wurde rydlessen jûn en letter ek ruterkampen.
Swaen en har húshâlding wurkje deryn en Maaike jout har wurk bûtendoar yn 1999 ek op om har op Boeyenkamp te stoarten.
Boeyenkamp is de plek waar je mag zijn wie je bent. Een plek waar iedereen welkom is.
Maaike van Dijk
Jantine is ien fan har meiwurkers. Sy hat waarme gefoelens by 'tante Maaike'. Sa wurdt Maaike neamd, want 'mevrouw Van Dijk', dat fynt se te ôfstanlik. "We holden fan hurd wurkjen, mar ek prate koene we goed. oer polityk, it libben en minsken."
Ek oare minsken wurde mei leafde ûntfongen. Sa skriuwt Maaike yn har ôfskiedsbrief:
"Boeyenkamp is de plek waar je mag zijn wie je bent. Een plek waar iedereen welkom is. Als familie en team hebben we altijd de de veerkracht gehad om het zo te doen, naast de mensen te staan."
Hynder yn maneezje
In hynder yn de maneezje © Omrop Fryslan, Simone Scheffer
De bern en ek beppesizzer Friso tinke yn leafde werom oan de frou dy't wist wat se woe en as se wat woe it ek die. Se seach tsjin gjinien op en belle gewoan Olympysk dressuerruter Edward Gal oft er delkomme koe.
Foar Friso wie se in leave beppe dy't altyd foar him klearstie. "Se wie somtiden wat dwers, mar brocht in soad wiisheid."

Polityk aktyf

De wiisheid brûkt se by de maneezje, mar ek yn de polityk. Se is dan ek riedslid foar de FNP yn de gemeente Wûnseradiel. Maaike hâld fan diskusjearjen, mar wol benammen oare minsken oertsjûgje. Laitsjend sizze de bern dat je somtiden ek belies joegen oan har. "Se hie karakter!"
Swaen en Maaike van Dijk
Swaen en Maaike van Dijk © Swaen van Dijk
As yn 2007 de man fan Swaen ferstjert en yn 2014 ek har soan Johannes, hat Maaike it dreech. It libben fan de húshâlding giet op 'e kop. Swaen rekket oerspand. Dochs wol se net opjaan.
Yn 2018 stjert har man Ate. Har sparringspartner, beaken en libbensmaat. Elkenien gunt it har om mear rêst te nimmen. Dêr komt noch in coronaperioade oerhinne, mar Maaike set troch.

"Drive om troch te gean"

Se wurdt 80. Dat wurdt grut fierd. Mar flak foardat se 81 wurdt, krijt ek Maaike de diagnoaze kanker. Se bliuwt wol wurkjen op de maneezje.
Gerlanda: "Se hie altyd in drive om troch te gean. Sels foar de gemo's joech se de hynders te fretten."

Gjin behannelings mear

Yn septimber 2023 hâldt se op mei de behannelingen. En op 3 novimber komt har ôfskiedsbrief oan de klanten fan Boeyenkamp:
"Het gaat dus niet goed met mij en mijn lichaam en geest geven duidelijk aan dat het einde er aankomt. Ik voel mij niet alleen. Kinderen en kleinkinderen zijn liefdevol om mij heen."
Dit is mijn 'dag' zeggen aan jullie. Weet dat het vredig met mij is.
Maaike van Dijk
En sa't Maaike is, hâldt sy de rezjy oant de ein yn 'e hannen en skriuwt oan 'e ein fan de brief:
"Ja en nu?! Als eigenaar val ik nu weg. Bij iedereen in onze familie was het gevoel; 'Wij willen zo graag dat Boeyenkamp blijft'. Ik hoop dat jullie met Gerlanda, Friso en het team een warm "samen" mogen houden en voelen.
Dit is mijn 'dag' zeggen aan jullie. Weet dat het vredig met mij is en dat ik hier lig te mijmeren over de mooie tijd met jullie. Liefs van mij en het gaat jullie allen goed."
Maaike
De winsk fan Maaike wurdt ferfolle. Beppesizzer Friso en jongste dochter Gerlanda besykje de maneezje in goede takomst te jaan.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Mei fan 12:00 oant 13:00 oere it nijsfoarum. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Dizze dokumintêre is ek as podcast te finen op Spotify of Apple Podcasts.