Relatyf geunstige lotting foar Joost Klein op Eurovisie Songfestival

Joost Klein
Joost Klein © ANP
Joost Klein wit wat him te dwaan stiet. De artyst fan Britsum hat tiisdeitejûn te hearren krigen tsjin hokker lannen hy it opnimme moat yn de heale finale fan it Eurovisie Songfestival.
Klein mei optrede yn de twadde heale finale op tongersdei 9 maaie. De Britsumer is dêryn ûnder mear keppele oan Grikelân, Noarwegen en San Marino. Klein mei optrede yn it twadde part fan de show.
It is in relatyf geunstige lotting. Klein is keppele oan in pear lannen dy't faak punten jouwe oan de Nederlânske ynstjoering. Boppedat is it in foardiel om yn it twadde part fan de show op te treden. Dan wurde je faak better ûnthâlden.

Dit binne de tsjinstanners fan Joost Klein op it Eurovisie Songfestival

Earste diel fan de show Twadde diel fan de show
Eastenryk (4,17) Israel (1,00)
Malta (3,67) Estlân (4,36)
Switserlân (2,55) Georgië (0,75)
Grikelân (1,50) Nederlân
Tsjechië (0,88) Noarwegen (3,17)
Albanië (3,00) Letlân (3,17)
Denemarken (5,14) San Marino (1,89)
Armenië (3,00) België (9,33)
Yn de tabel hjirboppe stiet tusken skrapkes oanjûn hoefolle punten dat lân yn de ôfrûne tsien jier yn trochsneed oer hie foar de ynstjoering fan Nederlân. Hjiryn binne allinnich de publyksstimmen meinaam, want yn de heale finales stimme de sjuerys net mei.
Histoarysk sjoen soe Klein dus punten ferwachtsje kinne fan België, Denemarken en Estlân Op basis fan it resinte ferline soe it dreger wêze om Tsjechië, Georgië en Israel te oertsjûgjen, al jouwe resultaten út it ferline fansels gjin garânsjes foar de takomst.
Klein sil it grif spitich fine dat Dútslân net meistimt yn syn heale finale, want yn dat lân hat hy al in hit. Wol is hy yndield by Eastenryk en Switserlân dêr't er ek al bekend is.
Joost Klein yn 2022 op Pinkpop
Joost Klein yn 2022 op Pinkpop © ANP
Kwalifikaasje foar de finale sil it earste doel wêze fan Joost Klein. Dêrfoar moat hy by de earste tsien einigje yn de heale finale.
Ferline jier slagge it Nederlân net om in finaleplak ôf te twingen. It duo Mia & Dion einige mei it ferske 'Burning Daylight' trettjinde yn harren heale finale.
Sûnt de ynfiering fan in twadde heale finale op it Eurovisie Songfestival, yn 2008, wist Nederlân him sân kear te kwalifisearjen foar de finale. Likefaak mislearre it en wie de heale finale it einstasjon.
Wat dat oanbelanget hawwe lannen as Noarwegen (yn 85,7% fan de gefallen nei de finale), Grikelân (80%) en Armenië (76,9%) folle bettere sifers. Mar it kin altyd minder, sa bewize Letlân (20%) en San Marino (23,1%).
Op it songfestival moatte je faak opfalle om punten te heljen
Op it songfestival moatte je faak opfalle om punten te heljen © Corinne Cumming/EBU
Yn totaal dogge der dit jier 37 lannen mei oan it Eurovisie Songfestival. De saneamde 'big 5', de lannen dy't finansjeel it measte bydrage oan it festival, en gastlân Sweden binne automatysk kwalifisearre. De oare lannen stride yn de heale finales om de lêste tweintich finaleplakken.
It dielnimmersfjild is dit jier relatyf lyts. Lannen as Montenegro, Roemenië en Noard-Masedoanië dogge bygelyks net mei om't se de finânsjes dêrfoar net rûn krije kinne. Ruslân en Wyt-Ruslân binne útsletten fan it festival.

Boykot?

En it soe samar kinne dat de konkurrinsje fan Joost Klein noch fierder úttinnet. Yn ferskate lannen binne der protesten tsjin de dielnimming fan Israel oan it festival.
Artysten en muzykprodusinten út ûnder mear Finlân, Sweden en Yslân roppe harren omroppen op om it Eurovisie Songfestival te boykotsjen as Israel echt talitten wurdt. Sy fine dat dat lân gjin poadium op it festival fertsjinnet fanwegen de rol fan Israel yn de oarloch tsjin Hamas.
Oant no ta is der noch gjin lân dat him dêrom weromlutsen hat, al oerwaget de Yslânske omrop it wol te dwaan. AVROTROS, de omrop dy't ferantwurdlik is foar de Nederlânske ynstjoering, nimt yn in reaksje tsjin de NOS gjin stânpunt yn.
Ferline jier waard sjongeres Noa Kirel tredde foar Israel
Ferline jier waard sjongeres Noa Kirel tredde foar Israel © ANP
Foarearst geane we der dus fan út dat Joost Klein gewoan foar Nederlân meidwaan sil oan it Eurovisie Songfestival dat holden wurdt yn it Sweedske Malmö.
Klein is de earste Fryske dielnimmer sûnt Maywood, Alie en Doetie de Vries út Twellingea, yn 1990. Sy waarden doe fyftjinde mei it ferske 'Ik wil alles met je delen'.
It ferske wêrmei't Klein meidwaan sil, wurdt op in letter momint bekend makke.