Hearrenfean hat in nije nûmer 10: Loizos Loizou

Loizos Loizou
Loizos Loizou © sc Hearrenfean
De oanfaller Loizos Loizou komt nei Hearrefean. De Fryske klup nimt him foar de rest fan it seizoen op hierbasis oer fan Omonia Nicosia. Hy krijt rêchnûmer 10.
Loizou (20) hat syn hiele jeugd spile yn de oplieding fan Nicosia. Yn 2019 makke hy as 16-jierrige syn debút yn it earste alvetal. Yntusken hat er 27 offisjele ynterlân-wedstriden spile foar Syprus.
Mei de stap nei Hearrenfean giet er no foar it earst it aventoer oan yn it bûtenlân.
Algemien direkteur Ferry de Haan fan Hearrenfean is bliid mei de nije oanwinst. "Loizos is een echte dribbelaar die vanuit het niets, iets kan creëren. Zeker in wedstrijden waarbij je in de eindfase creatiever moet zijn, kunnen we hem goed gebruiken. Met hem krijgen we voorin meer mogelijkheden."
Hearrenfean makke earder al bekend dat it de rest fan it seizoen beskikke kin oer Nathan Tjoe-A-On. De klup hiert de 22-jierrige ferdigener fan Swansea.