Sluting drugspân blykt net altyd terjochte: "Ympakt kin hiel grut wêze foar belutsenen"

Plysje by in drugslab yn Minnertsgea
Plysje by in drugslab yn Minnertsgea © ANP
It sluten fan drugspannen giet net altyd neffens de regels. De Ried fan Steat hat yn de ôfrûne twa jier fjouwer kear in Fryske boargemaster weromfluite.
Ut it ûndersyk fan Omroep Brabant docht bliken dat boargemasters net altyd goed genôch sjogge nei de gefolgen foar de bewenners. Foar it ûndersyk binne 350 útspraken oer it sluten fan drugspânnen besjoen.
Lanlik waard yn in fjirdepart fan de gefallen de boargemaster op de fingers tikke.
Dit pân waard sletten
Dit pân waard sletten © Gemeente Noardeast-Fryslân
Boargemasters ha it foech om in drugspân te sluten. Dêrmei kinne se it sinjaal ôfjaan dat drugshannel net tolerearre wurdt en grutte konsekwinsjes hat.
In pân kin bygelyks sletten wurde as der in wytplantaazje yn oantroffen is, of safolle drugs dat it der op liket dat it giet om hannel.

Strangere regels

Dat rjochters stranger nei de rjochtmjittigens fan in sluting sjogge, is under oare it gefolch fan de taslagge-affêre yn 2022. Troch dy kwestje waard dúdlik dat it yngripen troch de oerheid fiergeande konsekwinsjes hawwe kin foar boargers.
Rjochters ha dêrom hjoed-de-dei mear each foar persoanlike omstannichheden en sjogge ek oft it foar de iepenbiere oarder wol needsaaklik is om sa'n gebou te sluten.
Yn guon gefallen set de plysje swier geskut yn by de sluting fan in drugspân
Yn guon gefallen set de plysje swier geskut yn by de sluting fan in drugspân © ANP
De Ried fan Steat, de heegste bestjoersrjochter yn Nederlân, stelt noch strangere regels.
Advokaat Eric van der Goot, dy't gemeenten bystiet, sjocht in dúdlik ferskil: "Er is een tijd voor en een tijd na 2 februari 2022. Eerst was het zo dat als zaken maar goed gemotiveerd waren, het wel goed gevonden werd. Sinds 2 februari kijkt de rechter naar de impact en of het besluit wel correct en gepast is voor de betrokkene."

Op 'e fingers tikje

Dy strangere beoardieling hat as gefolch dat fjouwer kear in boargemaster yn Fryslân op de fingers tikt waard. De gemeente Waadhoeke hat trije kear foar de rjochter stien en is yn al dy trije saken weromfluite.
It binne net besluten dy't maklik naam wurde.
Boargemaster Waanders fan Waadhoeke
It giet om slutingen yn 2020, mar troch alle prosedueren kamen dy pas yn 2022 foar by de Ried fan Steat.
"Ik begryp hiel goed dat de ympakt fan san beslút hiel grut wêze kin foar de belutsenen", seit boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke. "It binne gjin besluten dy't maklik naam wurde."

Nije regels

Waanders sjocht de saken dy't yn 2022 foarkamen by de Ried fan Steat ek as in wichtige les. Dat jildt yn it bysûnder foar de sluting fan in pân yn Ried. Dêr stelde de rjochter dat sluting fan in jier te lang wie.
Dat oardiel waard by de Ried fan Steat befêstige. Waanders: "Wy ha nei dy útspraak nije regels makke, dy't better ta te passen binne. Se binne wat mylder, mar sekuerens stiet boppe-oan."
Yn de gemeente Ljouwert wurde de measte pannen sluten. Sûnt 2020 giet it om 110 slutingen yn totaal. Net ien fan dy slutingen is weromdraaid troch de rjochter.
Yn Fryslân wurde elts jier tsientallen pannen sluten. Sûnt 2020 binne bewenners tolve kear yn heger berop gien en is in saak by de Ried fan Steat kaam.
Fan dy tolve kear hat de rjochter fjouwer kear in gemeente weromfluite. It kin dus wol fertuten dwaan om nei de rjochter te stappen.
Yn de praktyk set lang net eltsenien dizze stap. Guon minsken akseptearje it of ha gjin jild foar in advokaat.
Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke
Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke © Omrop Fryslân
Michel Vols (heechlearaar iepenbiere-oarderrjocht oan Rijksuniversiteit Groningen) makket him soargen oer it te snel sluten fan huzen troch boargemasters.
"Je ziet dat ze niet helemaal begrijpen aan welke eisen ze moeten voldoen. Gezinnen zijn daar de dupe van en komen door fouten van de overheid op straat te staan."

Helpt it sluten wol?

De heechlearaar wiist derop dat it nea oantoand is dat it sluten fan wenten helpt tsjin criminaliteit.
"Het is fijn voor een wijk als overlastgevers weg zijn, maar de effecten op de langere termijn zijn totaal onduidelijk. Er is geen beeld hoe het verder gaat met mensen nadat ze uit hun huis zijn gezet."
Advokaat Van der Goot is it iens mei bestjoerkundige Vols. "Als ik nu burgemeesters adviseer over een sluiting, dan zou ik naar alle aspecten kijken. Ook naar de gevolgen voor de bewoner."
Fine we in grut laboratoarium, dan betsjut it al gau dat wy it slute en mooglik ek foar in healjier.
Boargemaster Waanders fan Waadhoeke
Gemeenten moatte folle mear maatwurk tapasse, seit Van der Goot. "Ze kunnen zich niet meer blindstaren op beleidsregels."
Dat se yn Waadhoeke no mylder binne, betsjut net dat der gjin huzen of oare gebouwen mear sluten wurde.
"We lizze no faker in saneamde 'last onder dwangsom' op", seit Waanders. "It hinget al ôf fan wat we oantreffe. Fine we in grut laboratoarium, dan betsjut it al gau dat wy it slute en mooglik ek foar in healjier."

It petear oangean

Ek wurdt it petear oangien mei de bewenner of de eigener. It is fan it grutste belang, sa seit Waanders, dat je in soarchfâldich beslút nimme.
"Dêr prate we hjir yn it team oer. Alles ôfwagend besykje je sa goed as mooglik in beslút te nimmen."