Noppert rekket basisplak kwyt by Hearrenfean

Noppert
Andries Noppert © ANP
Doelman Andries Noppert is syn basisplak kwyt by sc Hearrenfean. Trainer Kees van Wonderen set him oan de kant nei syn blunder yn de wedstriid tsjin AZ, dêr't Hearrenfean twa punten troch ferspile.
Van Wonderen folstiet foarearst mei in lytse taljochting op it beslút. "Gisteren is met alle betrokkenen gesproken en kenbaar gemaakt dat Mickey (van der Hart, red) de voorkeur krijgt vanaf heden. Teleurstelling, maar ook begrip waren de reacties."
ANP
Noppert en Van der Hart © ANP
Andries Noppert komt fan De Jouwer en siet jierrenlang yn de jeugdoplieding fan sc Hearrenfean. In goed jier lyn ferdigene hy noch it doel fan it Nederlânsk alvetal yn de kwartfinale fan it WK.
Hy belibbet oant na ta in dramatysk seizoen. De ôfrûne moannen makke hy tal fan flaters, mei as gefolch dat syn ploeg faak ûnnedich yn problemen kaam.

Flaters

Ofrûne wike tsjin AZ gie de keeper opnij de mist yn. Koart foar de ein fan de wedstriid, by in 2-1 foarsprong, woe er in bal fuortsjitte, mar skeat dêrby tsjin syn ploechgenoat Pawel Bochniewicz. Fia him stuitere de bal de goal yn. It koste Hearrenfean de winst.
It wie net de earste kear dat it sa misgie mei Noppert. Yn de wedstriid tsjin PEC Zwolle waard er ferrast troch in 'polletje' yn it fjild. Hy rekke de bal net goed, en Zwolle koe skoare.
"Dit seizoen liket echt alles de ferkearde kant op te fallen. De gifbeker moat hielendal leech", sei er nei ôfrin fan de wedstriid tsjin AZ. "Je wurde der wolris moedeleas fan."