Mear Fryske bussen en gjin djoerdere treinkaartsjes troch jild fan it Ryk

In bussjauffeur fan Arriva
In bussjauffeur fan Arriva © ANP
De provinsje Fryslân krijt fan dit jier ôf, alle jierren tsien miljoen euro fan it Ryk om it iepenbier ferfier te ferbetterjen. Dêrmei wurde ekstra buslinen realisearre en wurde de kaartsjes net djoerder.
Fiif dagen op en del nei Grins, fan Ljouwert ôf. It soe de reizger sa'n tsien euro yn de wike ekstra kostje. Mar troch in moasje fan ChristenUnie-fraksjefoarsitter Mirjam Bikker giet de taryfferheging no net troch.
10 miljoen euro nei it Frysk iepenbier ferfier
Yn totaal wie der 300 miljoen euro frijmakke om it iepenbier ferfier yn Nederlân te ferbetterjen. Dêrút krijt de provinsje no alle jierren tsien miljoen euro. Dêr is it provinsjebestjoer fansels wiis mei.
"Wy sjogge dat in soad minsken it iepenbier ferfier te djoer fine", seit deputearre Matthijs de Vries. "De priisstiging soe oars 12 persint wêze. In retourke Ljouwert-Grins soe fan 23,12 euro nei 25,90 euro gean. Wy sette no 4 miljoen euro yn om dat op itselde nivo te hâlden."
matthijs de vries
Deputearre Matthijs de Vries © Omrop Fryslân
Mei de oare 6 miljoen euro, moatte bygelyks ferskate doarpen better berikber wurde. Fan ein maart ôf sille der nei ferskate plakken mear bussen ride. De Vries: "Dat betsjut ekstra bussen yn de jûnsoeren, yn de wykeinen en buslinen dy't ferskraald wiene, plusse wy no wer op."

Arriva krijt it rûn

Foar Arriva is it in opjefte om de nije tsjinstregeling foarinoar te krijen. It moat helber wêze mei it materieel en it personiel, dat de lêste jierren troch bygelyks sykte dreech wie.
De ferfierder seit de makke ôfspraken wiermeitsje te kinnen. "Daar zijn we uiteraard blij mee", jout Arriva oan yn in reaksje, "Zo kunnen we iedere dag nog meer reizigers naar hun bestemming brengen.
It fersom fan bussjauffeurs is wer op it nivo fan foar corona. "Dit betekent dat we voldoende collega's hebben om de uitgebreide dienstregeling mee te rijden. Wel is het door de toenemende krapte op de arbeidsmarkt van belang om hier kritisch naar te blijven kijken."
Us yntinsje is om dit de kommende jierren troch te setten.
Deputearre Matthijs de Vries
It nije budzjet is dus foar alle jierren. Mar yn it nije jier liket Qbuzz it iepenbier ferfier oer te nimmen. Neffens de deputearre is it dreech om no al konkreet te meitsjen hoe't it jild dan útjûn wurdt.
"Der leit noch in beswier tsjin de oanbesteging, dus dat wachtsje wy noch even ôf. By Qbuzz soe it oanbod al 6 persint heger wêze as foar corona. Dus wy moatte dan sjen wat wy en de ferfierder dan dwaan kinne. Mar ús yntinsje is om dit troch te setten."
Ek is der noch ien miljoen euro ekstra beskikber foar inisjativen út de mienskip. De provinsje sil de kommende tiid ynwenners freegje wêr't se ferlet fan hawwe.
It ûndersteande oersjoch is it bêste te sjen op de webside fan Omrop Fryslân.

Op dizze linen komme der ekstra bussen

Line Wat feroaret der?
Line 13, Drachten-Surhústerfean-Ljouwert Ekstra ritten op wurkdagen en sneons jûns
Line 18, Easterwâlde-Noardwâlde Ekstra ritten yn daloeren, jûns en wykeins
Line 22, Ljouwert-Wergea-Warten Ekstra ritten op wurkdagen yn de daloeren
Line 23, It Hearrenfean-De Tynje-Drachten Ekstra ritten op wurkdagen yn fakânsjeperioade
Line 41, It Hearrenfean-De Jouwer-Spannenburch-Balk Ekstra ritten jûns en wykeins
Line 48, It Hearrenfean-Echten-De Lemmer Ekstra ritten op wurkdagen jûns
Line 55, Dokkum-Damwâld-Feanwâlden-Burgum-Drachten Ekstra ritten op wurkdagen en sneon jûns
Line 71/74, Harns-Frjentsjer-Berltsum-Ljouwert Ekstra ritten fia Bitgum, Bitgummôle en Ingelum jûns en wykeins
Line 72, Ljouwert-Stiens-Sint Anne Ekstra ritten op wurkdagen en wykeins jûns
Line 92/192, Ljouwert-Wommels-Boalsert Oerdeis op wurkdagen fjouwer ritten yn it oere, yn stee fan trije
Line 116, Easterwâlde-Aldeberkeap-Wolvegea Ekstra ritten op wurkdagen jûns en wykeins
Line 155, Ljouwert-Feanwâlden-Dokkum-Lauwerseach Ekstra ritten op wurkdagen jûns en wykeins
Line 350, Ljouwert-Ofslútdyk-Alkmaar Oerdeis op wurkdagen twa ritten yn it oere, yn stee fan ien
Line 560, Holwert Veerdam-Dokkum Nije line op wurkdagen oerdeis
Line 601, Ljouwert-Firda (Nije Cambuurstadion) Nije line op wurkdagen. Yn de spits 4 kear yn it oere. Yn daloeren twa kear.
Ein maart begjinne de earste ekstra bussen te riden. Reizgersplatfoarm ROCOV is bliid mei de ekstra ympuls foar it iepenbier ferfier yn Fryslân. It hopet dat sa mear Friezen de trein of bus nimme sille.