AZC Hearrenfean-West stiet faai, oare lokaasje al yn byld

Hearrenfean-West
Ofbylding as yllustraasje © Omrop Fryslân
It asylsikerssintrum foar 450 flechtlingen op de lokaasje Hearrenfean-West stiet faai. In mearderheid fan de gemeenteried fan De Fryske Marren hat him der tsjin útsprutsen.
It AZC soe op grûn fan De Fryske Marren komme moatte, dêrnei soe Hearrenfean de nije eigener fan de grûn wurde. Mar leafst acht fan de tsien fraksjes ha krityk op it proses en op de lokaasje. Se wolle in lytsskaliger AZC.
"Wy hiene yn ús eagen echt in ynformaasjeachterstân op Hearrenfean", seit fraksjefoarsitter Gerda de Vries fan de FNP, de grutste fraksje yn de gemeenteried. "De kommunikaasje mei de bewenners gie ek net altyd goed, der binne in soad punten dy't oars kinnen hiene."
polytburo
Gerda de Vries (FNP De Fryske Marren) © Omrop Fryslân
De fraksjes dy't him útsprutsen joegen wol oan dat in lytsskaliger AZC better wêze soe. Neffens De Vries past dat ek better yn lanlik belied, soe de yntegraasje fan de bewenners makliker ferrinne en it finen fan frijwilligers makliker wurde.

Boargemaster fernuvere

De gemeenteried fynt boppedat dat se net genôch meinaam is yn de beslútfoarming oer de lokaasje. De riedsleden wiene bûn oan fertroulikheid oer de kwestje en sprutsen harren justerjûn yn in kommisjegearkomste út.
Yn maart nimt de gemeenteried fan De Fryske Marren in definityf beslút. Wannear't de ried oan de beswieren fêsthâldt is de lokaasje Heerenveen-West út byld, seit boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren. Hy is fernuvere oer de krityk, want neffens him hat it kolleezje just it belied fan de gemeenteried útfierd.
Demonstraasje by Thialf tsjin it AZC
Ofbylding as yllustraasje © Dennis Stoelwinder
"Dan soe ik wol oan de ried freegje wolle: hoe sjogge jim dan hoe't it mei dit ûnderwerp fierder moat yn us gemeente. Hoe sit it dan mei lytsskalichheid, wat bedoele jim dêr krekt mei? En hoe kinne wy dochs op in goede manier foldwaan oan de opdracht dy't de spriedingswet ús jout as ús AZC yn Balk yn 2026 de doarren ticht docht?"

Hearrenfean-Noardeast

Soe De Fryske Marren yn maart it foarstel foar Hearrenfean-West ôfwize, dan sil de gemeente Hearrenfean sjen nei de opsje Hearrenfean-Noardeast, seit wethâlder Gerrie Rozema. "De regionale optie was wel onze keus nummer één dus het is jammer, maar dat is het democratische proces."
Op de oare lokaasje soene minder statushâlders opfong wurde: 300 yn stee fan 450. "Dan nog is het de vraag wat precies bedoeld wordt met kleinschaligheid", seit Rozema. "De een vindt dat een opvang van 300, de ander 20. Maar een opvang van 300 is zeker niet groot."
As de fraksjes fan De Fryske Marren har net mear betinke liket de opsje Hearrenfean-West dus fan de baan en soe de ried fan Hearrenfean wer oan set wêze. "Ik kan me voorstellen dat de gemeenteraad naast de locatie Noordoost met andere suggesties gaat komen", seit Rozema. "Maar daar kan ik echt niet op vooruit lopen."