Famylje út 'drugspân' yn wanhoop en stress: "Ze weten niet wat ze aanrichten"

Plysje by in ynfal
Plysje by in ynfal © ANP
In soad stress en it gefoel straft te wurden foar de flaters fan in oar. Dy yndruk hold in húshâlding út Waadhoeke oer oan de sluting fan harren saneamde 'drugspân'. "Mijn man ging eraan onderdoor."
By in ynfal yn 2020 waarden drugs fûn. Dy drugs wiene fan ien fan de soannen fan de húshâlding, dy't tydlik yn it hûs wenne.
Ek al wie dúdlik dat de oare leden fan de húshâlding gjin skuld hienen en dat it ek gjin oerlêst opsmiten hie foar de buert, dochs waard it pân foar in jier sluten.
Dat ta ferbjustering fan de eigeners. "Als ik er nu over praat, zit de stress direct weer heel hoog."

Grutte ympakt

De ympakt fan de ynfal fan de plysje en de oanhâlding fan ien fan de famyljeleden wie grut. Dêr kaam dan noch de driging fan it sluten fan it hûs by.
De famylje wenne der en hie meardere bedriuwen yn it pân. Op harren fersyk kaam de boargemaster in kear del om sels poalshichte te nimmen, mar dat wie om 'e nocht.
Omrop Fryslân hat ferskate minsken frege om oer dit ûnderwerp te praten. Ien famylje woe syn ferhaal kwyt, mar wol op basis fan anonimiteit. De nammen binne lykwols op de redaksje bekend.
Dêr't se hoop hiene op kompassy, krigen se nul op it rekest. It hûs moast ticht, foar in jier.
Dat hie de famylje net tocht. "Er was ons wat anders verteld. De sluiting zou maar een paar weken duren."
In ynfal kin op elts momint fan de dei plakfine en in grutte ympakt ha op bewenners
In ynfal kin op elts momint fan de dei plakfine en in grutte ympakt ha op bewenners © ANP
Fan de iene op de oare dei moasten se op syk nei ûnderdak. "Mijn man ging eraan onderdoor", fertelt de frou fan de húshâlding. "Gelukkig konden we bij familie terecht."
De famylje makke fuortendaliks beswier tsjin de sluting, mar dat beswier waard ôfwiisd. Ek al wie dúdlik dat de húshâlding neat mei de drugssaak te krijen hie, der waard harren wol ferwiten dat se fan neat wisten.
"We hadden moeten zien waar hij mee bezig was, zei de gemeente. Maar het was geen handel aan huis. In de buurt had ook niemand iets door."
In boargemaster hat oan de hân fan artikel 13b fan de Opiumwet it foech in hûs of pân te sluten as dêr drugs fûn is. It doel is om de bekendheid fan it gebou as drugspân werom te draaien en de iepenbiere oarder te werstellen.
It giet om de 'Wet Damokles'. It sluten kin allinnich as der sprake is fan drugshannel, as der in soad drugs fûn is of as der guod fûn is foar it meitsjen of telen fan drugs.
It sluten fan it hûs betsjutte dat de bedriuwen fan de famylje ek ticht moasten. Dêrtroch hie de húshâlding in grut ferlies oan ynkomsten.
"Dat werd nogal gebagatelliseerd door de gemeente. Het was coronatijd en bedrijven waren toch niet echt open voor buitenstaanders."
Of je nou schuldig bent of niet, er is nul compassie.
In slachtoffer fan sluting
Der moast yn koarte tiid in soad regele wurde. Sa moast it bedriuw fan in oare soan tydlik ferhuze wurde. Help fan de gemeente wie der wol, mar dat hold net oer.
"Ze zeggen eigenlijk dat je je maar moet redden. Of je nou schuldig bent of niet, er is nul compassie."

Stap nei de rjochtbank

Nei't de gemeente it beswier tsjin de sluting weismiten hie, stapten se nei de rjochter. Dy stelde harren foar in part yn it gelyk.
In drugspân yn Ljouwert
In drugspân yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De rjochtbank sei dat in sluting fan tolve moanne te swier wie, benammen om't de boargemaster sels oanjûn hie dat de oare bewenners gjin skuld hiene. De sluting mocht dêrom mar seis moanne duorje.
Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke
Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke © Omrop Fryslân
De gemeente Waadhoeke gie fuortendaalks yn heger berop, ta frustraasje fan de bewenners. "Waarom moeten ze tot het allerlaatst doorgaan?"

Advys: lis twangsom op

De Ried fan Steat wie it iens mei de redenearring fan de rjochtbank. It pleit fan de boargemaster dat in sluting fan in jier needsaaklik is om in dúdlik sinjaal ôf te jaan tsjin drugshannel, waard net folge. De straf is net evenredich, stelt de Ried fan Steat.
Boargemaster Waanders fan Waadhoeke seit yn in reaksje dat it in dreech beslút wie. Nei't by de Ried fan Steat dúdlik waard dat de sluting fan it pân foar in jier net proporsjoneel wie, is it belied oanpast.
Waadhoeke gie yn heger berop om it eigen belied te toetsen. De gemeente sjocht no mear nei de persoanlike omstannichheden.
Nei de útspraak fan de Ried fan Steat hat de gemeente Waadhoeke noch oanbean om yn petear te gean. Mar de famylje is dúdlik: "Daar hebben wij geen zin in. Er is zoveel boosheid naar de gemeente toe. Ze weten niet wat ze aanrichten."
De plysje by in ûndersyk nei drugshannel
De plysje by in ûndersyk nei drugshannel © ANP
De famylje hopet wol dat gemeentebestjoerders leare fan de saken dy't se ferlieze. "Laat ze voortaan eerst een waarschuwing geven en pas als het daarna weer gebeurt een dwangsom opleggen. Er moet meer gekeken worden naar de menselijke maat."