Minister akkoart mei struktureel jild foar Frysk op universiteit

Fryske flagge, Ryksuniversiteit Grins
Fryske flagge by Ryksuniversiteit Grins © Shutterstock
Minister Robbert Dijkgraaf fan ûnderwiis stelt struktureel 340.000 euro beskikber foar Frysk op universitêr nivo. Dat skriuwt er yn in brief oan de Twadde Keamer.
Hy reagearret dêrmei op de Fryske Keamerleden Habtamu de Hoop (PvdA) en Aant Jelle Soepboer (NSC) dy't om it jild frege hiene, en ek op in rapport fan de Nederlânske Akademy fan Wittenskippen KNAW, dy't stelt dat der sa gau mooglik wer in universitêre stúdzje Frysk komme moat.
"Ik neem de aanbevelingen van de KNAW serieus en ga de mogelijkheden tot een bacheloropleiding Fries onderzoeken", seit de minister.
ANP
Minister Robbert Dijkgraaf © ANP
"Het Fries heeft als tweede rijkstaal in de provincie Friesland een belangrijke positie en heeft daarmee ook een plaats in ons wetenschappelijk onderwijs en onderzoek."

Minorities & Multilingualism

Yn de jierren 70 koe noch oan fiif universiteiten Frysk studearre wurde. Mar sûnt 2013 wurdt it Frysk allinnich noch mar oanbean as ûnderdiel fan de stúdzje 'Minorities & Multilingualism' fan de Ryksuniversiteit yn Grins. Dat is gjin ûnferdield sukses.
"Deze inbedding heeft niet de gewenste profilering voor het Fries tot stand weten te brengen of het gewenste aantal studenten voor het Fries gebracht", seit de minister. "Dat is spijtig, maar ik heb er vertrouwen in dat met het structureel beschikbaar stellen van middelen het academisch Fries robuuster vorm gegeven kan worden."
De minister beklammet yn syn antwurden dat hy net giet oer it ûnderwiisoanbod. Dêr geane de ynstellingen sels oer, seit er.
Habtamu de Hoop
Habtamu de Hoop © Omrop Fryslân
De KNAW tinkt dat der yn totaal sa'n 650.000 euro nedich is foar in aparte súdzjerjochting Frysk. "Ik diel de ambysje fan de KNAW, mar dit is echt in gigantyske stap rjochting de bachelor Frysk", seit De Hoop.
"Neffens it ministearje is 340.000 euro genôch foar in universitêr dosint en in heechlearaar, want it komt boppe-op it jild dat der al lei."
"Dêrnjonken kin der kommend jier noch fierder socht wurde nei mear jild, bygelyks by it oerlis oer it Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer, of by de foarjiersnota fan Ynlânske Saken. Dêr bliuw ik my fansels foar ynsetten."

Sekerheid foar langere tiid

"Dit is in hiele stap", seit polityk ferslachjouwer Onno Falkena. "De minister sjocht in konvenant tusken it Ryk en in universiteit ek wol sitten. Hy nimt dêrmei in suggestje fan it KNAW-rapport oer."
"De KNAW seit dat it Ryk en de provinsje wend wienen om sokke saken te regeljen yn it Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer, mar dat akkoart jildt mar foar fjouwer jier. En dit moat foar folle langere tiid regele wurde, fynt it KNAW. Want je moatte sekerheid ha foar tsien of miskien wol fyftjin jier."
Neffens Falkena stiet Dijkgraaf hieltyd positiver tsjinoer it Frysk. "It rapport fan de KNAW is wat dat oanbelanget in gamechanger. Dat kaam út ûnferwachte hoeke.."