Nij ûnderkommen SC Cambuur krijt de namme Kooi Stadion

Kooi Stadion, SC Cambuur
Sa moat de haadyngong fan it Cambuurstadion der aanst útsjen © Cambuur Media
It Kooi Stadion. Dat is de kommende tsien jier de namme fan it nije Cambuurstadion yn Ljouwert. Nammejouwer is de Fryske ûndernimmer Pieter Kooi.
Kooi betellet sa'n 1 miljoen euro om de kommende tsien jier dizze namme fiere te meien, mei in opsje foar nochris fiif jier. Neist dat miljoen foar de namme fan it stadion, betellet er 750.000 euro foar sertifikaten yn it stadionprojekt.
Kooi krige hjoed foar it earst in rûnlieding troch it stadion yn oanbou fan Cambuurdirekteur Ard de Graaf. Yn wurd en gebaar makke de ûndernimmer dúdlik dat er ûnder de yndruk is fan al it wurk dat der ferset is.
Cambuur spilet de kommende jierren yn it Kooi Stadion
"Ik fyn it enoarm yndrukwekkend. It is moai om it no foar it earst mei eigen eagen te sjen", seit Kooi. "De lêste kear dat ik hjir wie, wie it noch bougrûn. Moatst no ris sjen, superfet!"

Wa is Pieter Kooi?

Pieter Kooi waard yn 1984 berne op in pleats yn Aldegea (Smellingerlân). Yn syn jonge jierren wurke er mei op de melkfeehâlderij fan syn heit en mem. It doel wie doe noch dat hy it bedriuw letter oernimme soe, mar Kooi besleat oars.
As fertsjintwurdiger fan kopiearapparaten kaam by him it idee nei boppen om foar himsels te begjinnen. Dat die er mei befeiligingskamera's. Hy betocht in mobyl systeem dat benammen brûkt wurdt foar de befeiliging fan boupleatsen troch hiel Nederlân. It bliek in gat yn 'e merk.

Grut sukses

It bedriuw fan Kooi is yntusken yn tsientallen lannen aktyf. Ein 2021 lei er syn funksje as CEO del. Wol is hy noch aktyf as adviseur binnen it bedriuw. Ek hat hy noch altyd sa'n tsien prosint fan de oandielen yn hannen.
It fermogen fan Kooi waard yn maaie 2023 troch it sakeblêd Quote op sa'n 40 miljoen euro rûsd. Doe't hy yn desimber in part fan de oandielen fan syn bedriuw ferkocht oan in Sweedske ynvestearder, liet er oan Quote witte dat "jullie inschatting al een poosje aan de lage kant is".
It is foar it earst yn de sechstichjierrige skiednis fan Cambuur dat de klup spylje sil yn in stadion wêrfan't de nammerjochten yn hannen binne fan in kommersjele partij.
"Dat voelt natuurlijk wel gek", jout Cambuurdirekteur Ard de Graaf ta. "Maar het is bittere noodzaak. Het is een wezenlijk onderdeel van het financiële fundament onder de nieuwbouw."
Ard de Graaf (links) mei Pieter Kooi (rjochts)
Ard de Graaf (links) mei Pieter Kooi (rjochts) © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Sels kin De Graaf him wol fine yn de nije namme. "Het is kort, het is krachtig en zal mooi op de gevel staan met het Cambuurlogo ertussen. Ik vind het mooi."

Supporters

De algemien direkteur is net benaud foar eventuele negative reaksjes fan supporters. "We hebben vanaf het begin supporters van alle tribunes en alle leeftijden laten meepraten en laten meedenken over dit stadion. In die gesprekken is het ook gegaan over de naam van het stadion. We hebben ze uitgelegd dat dit gewoon nodig is. Het is een verandering. Elke verandering is wennen, maar volgens mij gaat dit wel goed vallen."
Woansdeitemiddei siet Kooi mei ferskate fertsjintwurdigers fan supportersgroepen om tafel. Dêrby kaam er net mei lege hannen oansetten. Foar de ôfbou fan it supportershome, wêrfoar't de supporters besykje 500.000 euro te garjen, lei hy 75.000 euro op it kleed.
"Daar zijn we natuurlijk hartstikke blij mee", lit Maarten van Tuinen witte. De foarsitter fan supportersferiening Kern van Cambuur is al mei al tefreden mei de nije namme fan 'syn' Cambuurstadion.
"Wij realiseren ons ook wel dat Cambuur geen geld heeft, dus we wisten dat we er niet onderuit kwamen. Bovendien past Pieter wel bij Cambuur, met zijn no-nonsense aanpak en binding met de regio. Het is ook niet zoals bijvoorbeeld in Den Haag, waar ze elke twee of drie jaar een nieuwe commerciële naam voor het stadion hebben."
Ik bin gjin standertbobo.
Undernimmer Pieter Kooi, nammejouwer fan it nije Cambuurstadion
"Ik fûn it wol spannend, ik hie suver it gefoel fan in sollisitaasjepetear", seit Kooi. "Mar úteinlik stiene we as folwoeksen keardels suver mei de triennen yn de eagen. Dy mannen omdat se bliid wiene mei in moaie, koarte stadionnamme en ik fansels omdat ik grutsk bin dat ús famyljenamme hjir pronkje mei."
Der waard ek daliks ôfpraat dat Kooi in kear by in wedstriid tusken de fanatike supporters stean sil op de Noardtribune. "Ik bin gjin standertbobo. Sa'n wedstriid tusken de supporters stean, dêr ha ik eins folle mear nocht oan as op in businessstuoltsje."