Jildpine by Steatsboskbehear: it ûnderhâld oan brêgen bliuwt lizzen

Boskwachter Manon van Wesel op in nije brêge
Boskwachter Manon van Wesel op in nije brêge © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De ANWB hat noed oer de finansiering fan Steatsboskbehear. De subsydzjes fan de provinsjes soenen trije kear heger wêze moatte, sizze se. Oars moatte yn de takomst natuergebieten ôfsletten wurde foar besikers.
It leafste soenen se by Steatsboskbehear alle lytse of grutte brêgen dy't troch natuergebiet De Deelen by De Tynje rinne flink ûnder hannen nimme.
Sa is in 42-meter lange brêge dy't twa ikkers mei-inoar ferbynt nedich oan ûnderhâld ta.
"Die kan nog een paar jaar mee, maar dan moeten we de constructie gaan vervangen, voor er ongelukken gebeuren", seit boskwachter Manon van Wesel.
Steatsboskbehear kin net al it ûnderhâld útfiere dat it dwaan wol
Se hoopje mei 'eksterne finansiering' it nedige jild foar de brêge op it kleed te krijen. "Wandelaars kunnen via een QR-code hier een tikkie krijgen. Daarmee hopen we genoeg geld in te zamelen."
De ôfrûne jierren is dêrmei 15.000 euro sammele, mar dat is noch net foldwaande.
De QR-koade foar in nije brêge
De QR-koade foar in nije brêge © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It slagge in kilometer fierderop wol om genôch jild te finen foar in driuwende brêge. "Deze vlonder aanleggen was duur. Dan moet je al snel denken aan 40.000 tot 50.000 euro."
Mar Steatsboskbehear docht folle mear ûnderhâld. "Alles wat we uitgeven aan de vlonders, parkeerterreinen, vogelkijkhutten en bewegwijzering doen we zelf."
Dizze brêge soe yn de takomst ferfongen wurde moatte
Dizze brêge soe yn de takomst ferfongen wurde moatte © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It is net sa dat de natuerbehearder foar alles sels de broek ophâlde moat. "We krijgen bepaalde bijdragen van de provincie en het Rijk. Dat geven we uit aan het onderhoud van de wandelpaden."

Provinsje ferrast

Deputearre Matthijs de Vries is ferrast oer it boadskip fan de ANWB. Hy seit kontakt op te nimmen mei Steatsboskbehear om de soargen te bepraten.
Neffens De Vries binne de ôfspraken foar rekreative foarsjenningen lanlik makke en kin de provinsje der net sa mar jild by dwaan.
Boskwachter Manon van Wesel
Boskwachter Manon van Wesel © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Neffens de ANWB beheint de jildpine by de natuerbehearder de mooglikheid om frije tiid troch te bringen yn de natuer.

"Een laatste optie"

De ANWB warskôget dat Steatsboskbehear sels gebieten slute moat as der net genôch jild is foar it ûnderhâld. "Die zorgen delen wij ook. Maar een gebied sluiten: nee, dat is echt een laatste optie", seit Van Wesel.
Dochs kin it wol sa wêze dat Steatsboskbehear parten fan in rûte of brêgen ôfslút. "Je moet er wel voor zorgen dat mensen er veilig kunnen wandelen. Dood hout weghalen. Dat kost veel geld, want we moeten met machines snoeien."
In paad dat ôfsletten is troch Steatsboskbehear
In paad dat ôfsletten is troch Steatsboskbehear © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
"We krijgen ongeveer 40 euro per hectare voor recreatieve voorzieningen. Daarvoor proberen we te doen wat hoognodig is. We dichten de wonden, tot je op een gegeven moment niet langer kunt wachten met onderhoud."

Mear fraach, mear ûnderhâld

Der wurdt dan ek mear frege fan de natuer. Hieltyd mear minsken fine it noflik om te rekreëarjen yn in natuergebiet, sjocht de boskwachter.
"We zien steeds meer verschillende vormen van recreatie. Voorheen alleen wandelaars, nu ook meer loslopende honden, fietsers, ruiters. De druk en de vraag wordt groter en er wordt meer aan de natuurgebieden getrokken. Dan is er automatisch ook meer onderhoud nodig."
De oprop fan Van Wesel is dan ek dúdlik: "Als wij als Nederlanders van die natuurgebieden willen genieten, dan moeten wij daar meer geld voor over hebben."