Fytsefabryk Accell skrast mear as 100 banen op It Hearrenfean

Accell
Fytsen yn it fabryk fan Accell © ANP
Fytsfabryk Accell skrast tusken de 100 en 150 banen op It Hearrenfean. In grut part fan de produksje wurdt ferpleatst nei it bûtenlân.
Accell is ûnder oare bekend fan de merken Sparta en Batavus. It bedriuw is yn 2022 oernaam troch in ynvestearringsmaatskippij. Op It Hearrenfean wurkje 320 minsken.
Tiisdeitemoarn is it personiel ynljochte oer de reorganisaasjeplannen.
Fytsefabryk Accell skrast mear as 100 banen op It Hearrenfean
Neffens it FNV wol ynvestearringsmaatskippij KKR allinnich noch mar bakfytsen en 'high end' fytsen meitsje op It Hearrenfean. De rest fan de produksje soe dan nei Hongarije en Turkije gean.
KKR seit dat de yngreep helpe moat om de konkurrinsjeposysje te ferbetterjen. "Helaas kan de verplaatsing van productie niet plaatsvinden zonder dat bepaalde functies komen te vervallen", seit topman Tjeerd Jegen fan Accell.
Uiteindelijk einde oefening van Accell in Nederland.
FNV-bestjoerder Erik Kotters is benaud foar noch in ûntslachronde
En as der net gau ynvestearre wurdt, dan foarsjocht FNV-bestjoerder Erik Kotters dat der op koarte termyn mear minsken ûntslein wurde. "Met uiteindelijk einde oefening van Accell in Nederland."
It fakbûn wol gau mei de direksje fan it bedriuw om tafel, ûnder oare om ôfspraken te meitsjen oer in goed sosjaal plan foar de minsken dy't dien krije.
Accell, It Hearrenfean
De lokaasje fan Accell op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Topman Jegen: "We realiseren ons dat dit een grote impact zal hebben op de betrokken mensen. We zullen ons uiterste best doen om iedereen zo goed mogelijk te informeren en bij te staan."
Ynvestearringsmaatskippij KKR is nei eigen sizzen merklieder yn Nederlân en guon oare Europeeske lannen. By it bedriuw wurkje yn totaal sa'n 3.000 minsken yn achttjin lannen.