Wormgoor definityf nei Cambuur, mei opsje foar noch in seizoen

Wormgoor
Vito Wormgoor © Dijks Media
Ferdigener Vito Wormgoor komt definityf nei Cambuur. Dat meldt de klup. Der waard al praat oer syn komst, mar de klup woe dat doe noch net befêstigje.
De 35-jierrige ferdigener komt fuortendaliks nei Ljouwert. Hy hat syn hantekening set ûnder in kontrakt foar de rest fan it seizoen, mei in opsje foar noch in seizoen.
Wormgoor is net de earste nije oanwinst fan Cambuur yn dizze winterske transferperioade. Earder waard al dúdlik dat de 21-jierrige oanfaller Agustín Anello op hierbasis oerkomt fan Sparta Rotterdam.
Wormgoor
Vito Wormgoor © Dijks Media
Vito Wormgoor spile earder ûnder oare foar Ajax, FC Utrecht, De Graafschap en ADO Den Haag. Hy spile ek yn Noarwegen. Syn kontrakt by it Noarske IK Start rûn yn desimber ôf. Dêrnei wie er transferfrij.
Foar IK Start hat er twa seizoenen spile. It ôfrûne seizoen wie er oanfierder. Under syn lieding promovearre de klup krekt net nei it heechste nivo yn Noarwegen.
Nei ôfrin fan de wedstriid tsjiin TOP Oss sei trainer Henk de Jong dat er al langer dwaande is om it 'killer instinct' yn de groep te krijen. Mei Wormgoor hopet er wat fan dy mentaliteit yn de ploech te krijen. "Hy hat wol it uterlik mei."