It Iepen Mienskipsfûns bliuwt, mar mei minder jild en wat minder Frysk

It Provinsjehûs yn Ljouwert
It Provinsjehûs yn Ljouwert © ANP
It Iepen Mienskipsfûns om inisjativen út de mienskip te stypjen, bliuwt ek de kommende jierren. Wol wurdt de eask om Frysk te brûken wat minder hurd.
Ferduorsuming fan it doarpshús fan Ravenswâld, jongelju dy't bandles krije yn Penjum en de digitalisearring fan doarpskrante 't Klaverblêdtsje fan Langsweagen.
It is samar in oantal saken dy't mooglik makke is troch it Iepen Mienskipsfûns (IMF) fan de provinsje Fryslân.

Doarpskrante fan Langsweagen

"De kosten foar it drukken fan de doarpskrante rinne bot op", seit redaksjelid Wietse Bosma fan 't Klaverblêdtsje, "Wy kamen ta de konklúzje dat wy it noch mar sa'n twa of trije jier folhâlde koene."
Sûnder de subsydzje koene wy dit gewoan net realisearje.
Wietse Bosma fan doarpskrante 't Klaverblêdtsje
Dus betochten se yn Langsweagen dat de doarpskrante digitaal moast. In moai plan, mar de kosten wiene hast 20.000 euro.
Ferskate partijen út de omkriten hawwe dêrby stipe, mar 40 persint fan it budzjet kaam út it Iepen Mienskipsfûns wei. Bosma: "Sûnder de subsydzje koene wy dit gewoan net realisearje."
It koepeltsje by it Murnzer Klif is makke mei stipe fan it IMF
It koepeltsje by it Murnzer Klif is makke mei stipe fan it IMF © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
It ferhaal fan de doarpskrante lit sjen hoe't it fûns de mienskip helpe kin. Provinsjale Steaten binne it der dan ek oer iens: it fûns moat de kommende jierren ek beskikber wêze foar sokke projekten.
Mar de wize wêrop't it provinsjebestjoer it fûns foarmjaan wol, smyt argewaasje op. Sa is der yn stee fan 14 miljoen euro, no noch mar 12 miljoen euro beskikber.

Op peil hâlde

"Fjirtich prosint fan de oanfragen moat ôfwiisd wurde troch gebrek oan budzjet", joech Edou Hamstra fan de PvdA yn in gearkomste fan de Steaten oan. "It kolleezje seit dat der te min jild beskikber is, mar lûkt wol fiif miljoen euro út foar eltse gebietsdeputearre."
Gemeenten skreaune ek in brief, wêryn't se oproppe om de budzjetten op peil te hâlden. Dêrom tsjinnen ferskate partijen dêr moasjes oer yn. Mar dy binne net oannaam.
It kolleezje woe as betingst stelle dat in oanfraach it Frysk stimulearje moat. BBB-Steatelid Ursela Lolkema bekritisearret dat: "Binnen it IMF binne ek oanfragen dy't fan harsels gjin inkelde taalkomponint hawwe."

Gjin Frysk foar subsydzje

Lolkema is foarstanner fan it sichtber meitsjen fan it Frysk, mar it moat wol in funksje hawwe. "As der aanst by IMF-projekten Fryske buordsjes komme, om allinnich mar subsydzjes binnen te heljen, sjitte wy it doel foarby."
BBB-Steatelid Ursela Lolkema
BBB-Steatelid Ursela Lolkema © Omrop Fryslân
De FNP wol it foarstel dêrom wol oanpasse. Der moat in útsûndering komme foar regio's dêr't it Frysk net folle praat wurdt. Ek inisjativen dy't neat mei taal te krijen hawwe, krije in útsûndering.
As je bygelyks in steger oanlizze, hawwe je gjin Frysk nedich.
FNP-Steatelid Sita Land
Foar de rest bliuwt it Frysk as betingst wol stean. "It is tsjintwurdich sa dat it Frysk hieltyd achterút buorket", seit FNP-Steatelid Sita Land. "Just no't der yn Den Haag safolle omtinken is foar it Frysk, wolle wy dat no ek sjen litte."
De no ôfsprutsen útsûnderingen binne neffens Land logysk: "As je bygelyks in steger oanlizze, dan hawwe je fansels gjin Frysk nedich."
FNP-Steatelid Sita Land
FNP-Steatelid Sita Land © Omrop Fryslân
Fierder wie der krityk op it opdielen fan it budzjet. Sa is der twa miljoen reservearre foar it ferduorsumjen en bykommende ûnderhâldskosten.
Ien miljoen euro is beskikber foar de 'Fryslân-ferbynt-dei'. Sa'n 500 Fryske ferienings kinne foar dy dei 500 euro oanfreegje, sa't se wat organisearje kinne om frijwilligers oan har te binen.
Op inisjatyf fan Provinsjale Steaten sil de 'Fryslân-ferbynt-dei' dit jier plakhawwe, wêrnei't der sjoen wurdt oft it echt ekstra frijwilligers opsmyt.

Tsien jier foarút

't Klaverblêdtsje set fuortendaliks útein mei in online pilot. Yn alle gefallen kin de doarpskrante de kommende tsien jier bestean bliuwe.
Wietse Bosma hopet dat se in foarbyld wêze kinne foar oare doarpskranten dy't it dreech hawwe. "En nei dy tsien jier moatte wy wer fierder sjen. Je witte noait wat der dan allegearre wer beskikber is."