Cambuur Sjoernaal: Ljouwerters sakje troch de ûndergrins

Teloarstelling by SC Cambuur nei it ferlies tsjin TOP Oss
Ofbylding as yllustraasje © Dijks Media
SC Cambuur makke der moandeitejûn tsjin TOP Oss in potsje fan. De Ljouwerters sakken troch de ûndergrins en ferlearen mei 2-1 fan de hikkesluter.
It hie sa moai wêze kinnen: winne fan it ûnderoan steande TOP Oss en oansluting krije by de top seis fan de earste divyzje.
Mar it rûn allegear oars yn it Cambuur Stadion. De Ljouwerters kamen noch mei 1-0 foar, mar joegen dy foarsprong op tige knoffelige wize ek wer út hannen. TOP Oss pakte de fiifde oerwinning en de trainer woe nei ôfrin in bierke. Foar Cambuur bleaune allinnich mar frustraasje en soere druven oer.
Alles oer de wedstriid SC Cambuur - TOP Oss yn it Cambuur Sjoernaal: