Wetterdoarp Terherne mei net kopkeûnder: dêrom moatte de diken heger

It wetter by Terherne
It wetter by Terherne © Jeltje Woudstra
Wetterskip Fryslân set dit jier útein mei it ferbetterjen fan goed fiif kilometer oan wetterkearingen yn Terherne. Ynwenners fan it doarp waarden tiisdei bypraat.
Alle wetterkearingen yn Fryslân wurde ien kear yn de seis jier kontrolearre troch it wetterskip. Ut de lêste kontrôle die bliken dat ferskate lokaasjes yn De Fryske Marren net heech of stabyl genôch mear binne.
"Het zijn verschillende typen kade", leit projektmanager Jan Sipma út. "Soms is het een kwestie van ophogen met grond, bij anderen is het een kwestie van ook de damwand vervangen. Dat hangt allemaal af van de situatie."
In wetterkearing is in dyk by in feart of mar del. Dizze kearingen hâlde it wetter tsjin by hege wetterstannen yn de Fryske boezem (dat is it stelsel fan marren, fearten en sleatten).
Dy hege wetterstân kin bygelyks feroarsake wurde troch ekstreme delslach, faak yn kombinaasje mei opstowing troch de wyn. Sa beskermje de kearingen it gebiet derachter tsjin wetteroerlêst.
Om de kommende jierren ek oan alle easken te foldwaan, wurdt yn en om Terherne sa'n 5,5 kilometer dyk oanpakt.
"Wij moeten in 2027 alle keringen in Fryslân op hoogte hebben. Afgelopen jaar hebben we daarom 31 kilometer gedaan. Voor komend jaar gaat het om 35 kilometer. Dus we zijn nog wel even onderweg, maar als we het niet doen neemt de kans op wateroverlast toe."

Oerlêst

"We zien de afgelopen tijd steeds vaker dat we het water moeilijk kwijt kunnen op de Waddenzee door langdurige regenval en een ongunstige wind", konstatearret Sipma.
Terherne is in wetterdoarp, mar it moat der ek net ûnder strûpe
Terherne is in wetterdoarp, mar it moat der ek net ûnder strûpe © Shutterstock.com (Thomas Roell)
"Het water in de Friese boezem stijgt op dat moment. We zetten dan het Woudagemaal aan, en als dat niet afdoende is laten we retentiepolders vollopen. Zo schalen we steeds verder op, maar op een gegeven moment loopt het ergens over de dijk als ze te laag zijn."
Dochs sil net daliks hiel Terherne ûnder wetter stean, seit Sipma laitsjend. "Het is niet zo dat ze hier dan meteen tot hun middel in het water staan, maar er is dan zeker sprake van overlast."
De kearingen dy't it Wetterskip oanpakt by Terherne
De kearingen dy't it Wetterskip oanpakt by Terherne © Omrop Fryslân
"It is fansels ferfelend dat we in jier lang te krijen ha fan oerlêst yn it doarp", seit Tsjoltsje Roelevink fan doarpsbelang. "Oan de oare kant: it is wat it is. It oerlis mei it Wetterskip ferrint goed, en dit soarte dingen moat no ien kear barre."
Wetterskip Fryslân hopet nei de simmer útein te setten mei it wurk op 'e grûn. Yn 2025 moat it wurk yn Terherne klear wêze.