HEA! De hertslach fan in oaljefant

HEA! De hertslach fan in oaljefant
Boppe de bank by Teatske en Jan Sikke Jongsma yn Grou hinget in barometer, mar doe't de bank noch op in oar plak stie, in spesjaal skilderij fan Jentsje Popma.
Yn de wurkpleats fan Jan Sikke hinget in Fryske klok en it tikjen fan de bingel wurket foar Jan Sikke meditearjend. It is krekt de hertslach fan in oaljefant.
Jan Sikke hat yn syn atelier fan alles by de ein. Hy makket oerwurken, wurket mei klaai en makket fan sulveren in rattelbel foar de jongste pakesizzer.