HEA! In liet foar Tedie de grienteman

HEA! Tedie grienteman
Tedie Walthuis is 74 jier, mar noch alle dagen warber yn syn grientehal yn Warkum. Dat docht hy yntusken al 60 jier, want hy is as jonkje by heit yn de saak begûn.
It is syn fak en hy is der dei en nacht mei dwaande. It sit der no ienkear yn en it kontakt mei de minsken fynt hy noch altyd moai.
Tedie stiet poerbêst en posityf yn it libben en de klanten binne tige wiis mei him. Fêste klant Hille Faber komt efkes in snertpakket heljen en fertelt dat hy in liet foar Tedie makke hat. Hy besjongt wat Tedie en de winkel betsjutte foar Warkum.