Fryslân kleuret read fan it saharastof en sydynstreamers sille de soarch yn

Wykoersjoch fan Omrop Fryslân
Wykoersjoch fan Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
Fryslân sjocht read troch saharasân yn 'e loft, sûnder grûn út je 'drugspân' set wurde en de rapste hurddraver fan Fryslân wol de Slachtemaraton winne. Dat en mear bepaalde dizze wike it nijs yn ús provinsje. Lês deroer yn ús wykoersjoch.
It wykoersjoch bestiet út fiif opfallende ferhalen dy't publisearre binne op ús app en webside. Fan sport oant polityk, fan kultuer oant miljeukwestjes en alles wat fierder mar de revu passearret yn Fryslân.
Foar eltsenien dy't miskien in artikel mist hat, of gewoan nochris rêstich it ien en oar weromlêze wol.
Hjir ús seleksje fan dizze wike:
Moaie kleuren by de opkomst fan de sinne by de Grutte Tsjerke fan Hylpen
Ofbylding as yllustraasje © CAMJO media

Grutste woestyn út de wrâld kleuret Fryske loften

"Der sit saharasân yn de loft", seit waarman Siebo Mollema. "Dat is yn feite stof, en dat brekt it ljocht fan de sinne." Its soarge foar prachtige loften. Us kameraman hie de wekker set, en gie mei in drone de loft yn.
ANP
Plysjes by in drugslab yn Minnertsgea © ANP

Sûnder grûn út je 'drugspân' set wurde

It sil je mar gebeure. Falt op in dei de plysje mei swier geskut je hûs binnen, omdat it pân by de gemeente yn byld kommen is as in saneamd drugspân. Ynienen stean je op strjitte en wurdt it pân foar in jier sletten. Mar wat no as je ûnskuldich binne? It oerkaam in famylje út Waadhoeke. "Mijn man ging eraan onderdoor."
Lodewijk Zwierstra
Lodewijk Zwierstra © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
As ien de magy fan de Alvestêdetocht fertelle kin, dan is it Lodewijk Zwierstra wol. Hy ried de Tocht der Tochten fiif kear út en ûnderfûn de bysûndere krêften dy't it yn in minske frijmeitsje kin. "Oan eltse Tocht koesterje ik spesifike oantinkens."
Geart Jorritsma
Geart Jorritsma © Orange Pictures

Allinne it winnen fan de Slachtemaraton is goed genôch

Foar in soad minsken is it útrinnen fan de Slachtemaraton al in hiele prestaasje. Mar dat is foar Geart Jorritsma (28) fan Snits noch lang net genôch. Hy is de rapste maratondraver fan Fryslân en wol op 15 juny as earste troch de finish komme. "Wandelen lijkt me eerlijk gezegd veel zwaarder dan hardlopen."
Oosterloo
Roelof Oosterloo wurke as stoffearder en wol no de soarch yn © Omrop Fryslân

Oplossing foar personielstekoart yn de soarch?

It grutte tekoart oan personiel yn de soarch is gjin nijs. Der is no wol mooglik in oplossing: sydynstreamers. By in oplieding yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten ha de ôfrûne tiid tsientallen studinten har oanmeld. Roelof Oosterloo is der ien fan. Hy wie wenningstoffearder, mar hy hie syn nocht en woe wat oars.