Liveblog | 30 jannewaris

112-nijs 30 jannewaris: Frou fynt frjemde man op souder

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 30 jannewaris, 16:49
16:49

Frou (30) pisset yn sel en skelt plysjes út

ANP
In oanhâlding (net de frou út it ferhaal) © ANP
In frou út Snits hat in wurkstraf krigen fan 40 oeren, omdat se pisse hat yn in plysjesel. Se hat ek plysjes útskolden.
"Ik kreeg een kronkel in mijn hoofd", sei de 30-jierrige frou tsjin de rjochter. Se hie de plysjes dy't har oanholden hiene ûnder oare útskolden foar "vuile kankerratten" en "teringlijers". Ien fan de plysjes skopte se tsjin de skonken, en se flybe nei in oar.
Se wie oanholden omdat se in rút fan in wenning fernield hie.
15:47

Frou fynt frjemde man op souder

ANP
Minnertsgea © ANP
In frou út Minnertsgea krige de skrik fan har libben doe't se in lûd hearde op de boppeferdjipping fan har hûs. Se wie alline thús.
De frou wie deadsbenaud, en belle in freon. Tegearre trochsochten se de wenning, en al gau die bliken dat der ien op souder wie. It wie in ûnbekende man. Letter die bliken dat er yn itselde doarp wenne.
Tsjin de plysje hat de man (35) sein dat er kokaïne brûkt hie. Neffens de reklassearring hat er lêst fan waanbylden. Hy tocht dat er achterfolge waard. De rjochter hat him in wurkstraf jûn. De frou is noch hieltyd bang om allinne thús te wêzen.
15:13

Friezen stelle rjochterskoech fan Amsterdammer

ANP
In plysjeman © ANP
De rjochter hat in 18-jierrige man út Ljouwert en in 19-jierrige man út Drachten feroardiele omdat se ûnder oare in rjochterskoech stellen hiene. De Friezen wiene op de Willemskade yn Ljouwert yn konflikt kaam mei in pear Amsterdammers.
De Amsterdammers krigen te hearren dat se net wolkom wiene yn Ljouwert. Ien fan de ferochten gie yn de auto fan de Amsterdammers sitten, en pakte in Gucci-pet ôf, en ek in rjochterskoech, dy't ien fan de Amsterdammers noch oan hie.
Foar de rjochter ûntkende it duo de stellerij, mar de rjochtbank leaude dat net. De beide mannen ha in selstraf krigen dy't gelyk is oan it foararrest: de Ljouwerter hat 69 dagen sitten, de Drachtster 86 dagen. Beide mannen meie gjin alcohol of drugs mear brûke, en moatte ek in behanneling ûndergean.
14:55

Buma slút wenning nei fynst drugs, messen en stroomstjitwapen

ANP
In plysjeman mei drugs © ANP
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat in wenning slute litten nei de fynst fan hard- en softdrugs. It wie safolle dat it derop liket dat it om in hanneler gie. Neffens de gemeente Ljouwert is der 695 gram amfetamine en 35 gram himp fûn.
De plysje hat ek meardere yllegale messen en in stroomstjitwapen fûn yn de wenning oan de Avondsterweg. It is de twadde kear dit jier dat Buma in wenning slute lit op basis fan de Opiumwet.
14:50

Stikkene brêge: gjin treinen tusken Ljouwert en Hurdegaryp

trein arriva
Ofbylding as yllustraasje © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Der ride gjin treinen tusken Ljouwert en Hurdegaryp. Dat komt troch in stikkene spoarbrêge. Neffens de NS soene de treinen om 17:00 oere hinne wer normaal ride.
13:04

Bewennerrs trappearje ynbrekkers yn Oerterp

Plysje
Dizze man is oanholden © Politie Oost-Fryslân (op instagram)
De plysje hat twa mannen oanholden dy't fertocht wurde fan in ynbraak yn Oerterp. De ynbrekkers wiene útnaaid neidat se troch de bewenners trappearre waarden. Dat meldt de plysje.
Nei in koarte achterfolging koe ien fan de fertochten oanholden wurde. Letter dy nacht waard de oare fertochte oppakt. Beide fertochten binne ynwenners fan de gemeente Smellingerlân. De iene is 39 jier âld, en de oare 26.