Boargemaster Fokkens fan Hearrenfean wol hurder optrede kinne tsjin fuotbalgeweld

fjoerwurk sc Hearrenfean AZ
Supporters fan AZ smieten mei fjoerwurk by de wedstriid tsjin sc Hearrenfean © Orange Pictures
Boargemaster Avine Fokkens fan Hearrenfean ropt de Twadde Keamer op om boargemasters mear foech te jaan sadat se hurder optrede kinne tsjin fuotbalgeweld.
Dit wykein rûn it opnij út 'e hân, doe't supporters fan AZ fjoerwurk op it fjild smieten fan it Abe Lenstra Stadion. Nei oanlieding fan de ûngeregeldheden binne supporters fan AZ foarearst net mear wolkom by sc Hearrenfean, seit Fokkens.
De boargemaster wie by de wedstriid doe't it út 'e hân rûn. "Het is schandalig dat dit soort dingen keer op keer gebeuren en dat een heel kleine club mensen het elke keer weet te verpesten voor het grote publiek."
Avine Fokkens
Avine Fokkens © Omrop Fryslân
Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen sei nei ôfrin fan de wedstriid dat er it leafst hielendal gjin útpublyk mear yn de stadions sjocht. "Het vraagt zoveel politie-inzet, zoveel hoofdpijndossiers, iedere keer weer."
Fokkens is it mei Van Wonderen iens dat it in 'pineholledossier' is. "We zijn al heel lang bezig met hoe we dit kunnen keren." Tagelyk soe sy it skande fine as der hielendal gjin supporters fan de tsjinstanner mear nei it Abe Lenstra Stadion komme.

"Allesbehalve gezellig en veilig"

"Het zou heel erg jammer zijn voor de spelers die van buiten komen. Die hebben dan geen supporters die hen kunnen aanmoedigen. Daarnaast is er een financieel belang bij een club om een vol stadion te hebben. Maar zoals het nu gaat is het allesbehalve gezellig en veilig, en het kost inderdaad heel veel 'pineholle'."
Wat mij betreft is het de volgende keer met AZ heel duidelijk: nul supporters.
Avine Fokkens, boargemaster Hearrenfean
Lanlik binne der ôfspraken makke tusken gemeenten en it fuotbalbûn KNVB om it probleem oan te pakken, it saneamde 'handelingskader', seit Fokkens. Foarôfgeand oan de wedstriid tsjin AZ hie de boargemaster al maatregels naam.
"Wij hebben een uitvak in Heerenveen voor 1.200 supporters. In dit geval met AZ hadden we het al teruggebracht naar 350, vanwege het feit dat ze zich de vorige keer al niet hadden gedragen. Wat mij betreft is het de volgende keer met AZ heel duidelijk: nul supporters."

Lanlike oanpak

Dochs losse je dêr ek it probleem net mei op, seit Fokkens der fuortendaliks efteroan. "Je moet een landelijke aanpak hebben." Boppedat soe it neffens har goed wêze om mei de klups om tafel te gean. "Laat bijvoorbeeld de clubs zelf bepalen, zoals FC Utrecht wil, welke uitsupporters in de bus stappen om hun spelers te kunnen aanmoedigen."
Kommende woansdei praat de Twadde Keamer mei saakkundigen oer it bestriden fan fuotbalgeweld.