Keunst fan eks-dakleazen fertelt in ferhaal: "It binne gjin loaie minsken sûnder dreamen"

Keunstwurken OBE
Keunstner Faust Vatos hat twa skilderijen yn de eksposysje © Omrop Fryslân
Fleurige kanvassen, fotoportretten en skilderwurken: mei dizze keunstobjekten wolle eks-dakleazen de foaroardielen fan dakleasheid weinimme.
It stigmatisearjende byld fan in ferslaafde smoarge man op in bankje en negative reaksjes út de maatskippij, moatte plakmeitsje foar mear begryp en help. Under de namme 'Van Buiten naar Binnen' litte de keunstners harren wurk sjen yn Obe yn Ljouwert.
Twa Frânske bulldogs sjogge rjocht de romte yn. De hûntsjes binne it skilderwurk fan keunstner Faust Vatos. Hy hat in skoftke dakleas west, mar it wie syn eigen kar: "Ik had ruzie met mijn moeder, ik had ruzie met mijn vader. Ik was gewoon een etter van een kind."
Dizze eksposysje yn Obe is makke troch dakleazen
"Maar dat heeft ook te maken met de situatie waar je in zit. Ik ging dan op straat lopen in het midden van de nacht. Of ik kwam in een portiek terecht of ik heb onder een brug geslapen."
Ek de fleurige kanvassen fan tou en stientsjes fan tekstuerkeunstner Monica Ntege falle op. Se komt oarspronklik út Oeganda, mar rekke yn Nederlân troch in ûnfeilige thússituaasje op strjitte. "Ik wenne yn in kleaster, ik wenne op in boerepleats, ik wenne yn in kreakpân. Dat wie swier."

Gjin loaie minsken

It wurk fan Faust, Monica en de oare fiif keunstners moat sjen litte dat dakleazen ek minsken binne mei talinten. "It is in manier fan ús om sjen te litten dat dakleazen gjin loaie minsken binne, sûnder dreamen, minsken dy't ing binne", seit Monica. "Dus as we dat ferhaal feroarje kinne, soe dat geweldich wêze."
obe
In kanvas fan tekstuerkeunstner Monica Ntege © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Faust klauwde wer oerein mei help fan in persoan dy't him in kâns joech. Foar him is it wichtich om te beseffen dat dakleazen ek minsken binne.
"Bij sommigen is de kans allang verkeken en die willen misschien niet eens terug. Maar sommigen kun je een steuntje geven, dus door middel van deze expositie proberen we daar wat aandacht voor te geven. Hopelijk kunnen we daar wat mensen mee redden."

Gjin "knuffelachtig beeld"

Neist keunstwurken binne der portretten fan de keunstners te sjen, is der in audiotour te folgjen en ha studinten fan NHL Stenden in dokumintêre makke oer de keunstners.
Inisjatyfnimmer Xavière Kolk hat sels ek dakleas west, mar hopet net dat minsken tinke dat de eksposysje in "knuffelachtig beeld" fan dakleazen delsette wol.
Xavière Kolk
Xavière Kolk © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
"Het is niet de bedoeling dat je straks het park in gaat en denkt: 'oh, ik knuffel een dakloze'. Wat ik graag wil, is dat mensen een hele kleine omslag maken in hun denkpatroon. Wij zijn niet een situatie waar je niet in wilt komen, wij zijn mensen."
Keunstwurken yn Obe
Keunstwurken yn Obe © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Foar Kolk komt in lang koestere dream út mei de eksposysje. "Als dakloze ben je vaak een buitenstaander. Maar in het maken van deze expositie, en ook in de hele samenwerking met Obe, de gemeente, de grote zorgorganisaties voel je je even helemaal geen buitenstaander. Dat is ook wel weer heel leuk."
De eksposysje 'Van Buiten naar Binnen' is fan freed 3 oant 29 febrewaris te sjen yn Obe, oan it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.