Goed 600 wenten Heechterp hâlde gas bûten de doar en ferwolkomje waarmtenet

anp
In waarmtepomp kin ynset wurde as nije wize fan enerzjyfoarsjenning © ANP
Wenten yn de Ljouwerter wenwyk Heechterp geane fan it gas ôf en wurde yn de takomst ferwaarme mei in waarmtenet. Dat is de bedoeling fan wenningkorporaasje Elkien, gemeente Ljouwert en Bouwgroep Draisma.
De gemeente Ljouwert stiet foar in grutte ferduorsumingsopjefte. Underdiel fan dizze opjefte is om gebouwen fan it ierdgas ôf te heljen.
Yn Heechterp wurde de kommende tiid hast 600 ferâldere wenten sloopt. Dêrfoar komme 621 huzen yn it plak. De belutsen partijen wolle dy oanslute litte oan it waarmtenet.
Heechterp
Der komme goed 600 nije wenningen yn Heechterp © LEO Middelsé, Ilona de Vries
Evert Stellingwerf, wethâlder fan de gemeente Ljouwert, seit dat dat in moaie kâns is om op in "nije wize nei enerzjyfoarsjenning te sjen". Der komme liedingen troch de wyk om de wenningen te ferwaarmjen.

Ut de loft of de grûn

"De boarne is in waarmtepomp, in soarte omkearde airco. Dy hellet de waarmte út de loft of út de grûn", seit Stellingwerf. "Wy sille beide techniken noch efkes tsjin it ljocht hâlde. Op dy wize kinne we sjen wat de bêste oplossing is."
PAL GrienLinks-fraksjefoarsitter Evert Stellingwerf
Wethâlder Evert Stellingwerf © PAL GroenLinks
De hierder sil úteinlik meibetelje oan dizze duorsume ynvestearring, seit de wethâlder. "Mar it is betelber fanwegen it tal wenningen dat der is." Ek partikulieren kinne oanslute. "Foar harren is it in frije kar. It is yn alle gefallen wichtich dat minsken meidogge. Heechterp is ien fan de wiken dêr't net in soad jild sit, mar dochs kinne we dit no dwaan."
It is de bedoeling dat de wenten yn de simmer fan 2025 oansletten binne.