FIDEO: Tsientallen dakleazen ferbliuwe by dei-opfang Leger des Heils yn Ljouwert

Drokte yn de dei-opfang fan it Leger des Heils yn Ljouwert
In protte dakleazen ha de ôfrûne tiid gebrûk makke fan de dei-opfang fan it Leger des Heils yn Ljouwert. Yn trochsneed binne der op deistige basis sa'n 65 minsken dy't yn de opfang oan de Tuinen in bakje kofje drinke, in praatsje meitsje of in waarm miel ite.
Troch de kjeld, mar benammen ek troch alle rein, is it op it heden relatyf drok by de opfang. De ferwachting is dat de groep de kommende tiid noch wat grutter wurdt, om't in oare dei-opfang fan Wender oan de Zuidergrachtswal op 1 april definityf de doarren slút.
De meiwurkers en frijwilligers fan it Leger des Heils kinne de oanrin lykwols noch wol oan. Tusken tsien oere moarns en fjouwer oere middeis besykje sy de dakleazen sa goed as mooglik in ferbliuwsplak te jaan.