En wer ferliest Cambuur fan leechfleaner: "Dit is wa't wy binne"

orange
Trainer Henk de Jong baalt: Cambuur ploech ferliest fan hikkesluter TOP Oss © Orange Pictures
It wie net foar it earst dit seizoen dat Cambuur tsjin in mindere tsjinstanner net thús jout: thús tsjin TOP Oss waard it 1-2. En trainer Henk de Jong hie noch sa warskôge foar ûnderskatting. "Mar dit is wa't wy binne, eins it hiele seizoen al."
De Jong seach in minne wedstriid fan syn ploech, dat hie neffens him foar in part te krijen mei it ûntbrekken fan spits Roberts Uldrikis. Dy is siik. "Dat makket dat wy oars fuotbalje moatte. We koenen ús minsken dreech berikke, hielendal as sy sa ferdigenjend spylje."
Dochs kaam Cambuur in kertier foar tiid op foarsprong. "Dan moatst de wedstriid oer de streek lûke. Dy spulwize fan Oss bestride falt net ta, mar ást dan foar stiest, meist 'm noait wer weijaan."
De earste helte ferrûn al muoisum, mei wat kânsen foar de besikers en sjerpich spul fan Cambuur. "Mar yn de twadde helte ha sy eins gjin kâns mear hân", fynt De Jong. "Sels dy beide goals dy't sy skoare wienen gjin kânsen."
Trainer Henk de Jong: "Der moat wat feroarje"
Oanfierder Daniël van Kaam, dy't nei in minne wedstriid tsjin Hercules op de bank begjinne moast, seach itselde as syn trainer. "Als je 1-0 voor komt, moet je als team zeggen: 'Oké, het was een schandalige wedstrijd, maar dit mogen we niet meer weggeven'. En dan draait in vijf minuten toch alles om."
Dat is Cambuur wol faker gebeurd, dit seizoen. De Jong jout wat foarbylden: "We wûnen fan De Graafschap, dêrnei ferlearen we fan Jong AZ. We fersloegen VVV, dêrnei spilen we thús 2-2 tsjin Eindhoven."
Dit past yn dy rige, neffens de trainer. "No berikke we de kwartfinales fan de beker, dus dan moatst dysels dêrnei beleanje. Dit is hiel skande. Mar it is wa't we binne op it stuit. En eins it hiele seizoen al."

Faker dreech tsjin mindere tsjinstanners

Van Kaam fernimt itselde: "Als je naar de ranglijst kijkt, denk je dat dit een wedstrijd was die we moesten winnen, zeker thuis. Maar het is wel gebleken dat wij tegen de wat mindere tegenstanders het moeilijk hebben. Nu weer."
Der binne mar twa ploegen yn de hiele earste divyzje dy't mear tsjingoals ha as de 43 fan Cambuur. De Ljouwerters jouwe de goals oer it algemien wat maklik fuort. Van Kaam: "Normaal scoren we dan zelf wel drie, vier of zelfs vijf keer. Maar deze keer maar eentje."
Daniël van Kaam neamt it in 'tryste' fertoaning
Hoe't it dan sa misrinne kin? Neffens Van Kaam mist Cambuur in 'killerinstinct'. "Bij de eerste twee goals staan we met twee verdedigers tegenover twee spitsen. Maar hij (doelpuntemakker Allemeersch, red.) kan de bal zo aannemen, draaien en inschieten. Dat is kinderlijk eenvoudig. En de 1-2 wordt wel heel makkelijk ingekopt."
Kinst net altyd elkenien de bealch fol skelle.
Trainer Henk de Jong
Dat 'killerinstinct' is trainer De Jong al langer mei dwaande, om dat wat mear yn de ploech te krijen. "Al wiken, al moannen sels. Mar kinst net altyd elkenien de bealch fol skelle. Dat hat gjin doel mear. Der moat wat feroarje."
Der feroaret mooglik ek wat, want Cambuur is dwaande mei it oanlûken fan de 35-jierrige ferdigener Vito Wormgoor. De Jong hopet dat hy wat mentaliteit yn de ploech bringe kin. "Hy hat wol it uterlik mei."
Ferdigener Vito Wormgoor yn it shirt fan Columbus Crew
Ferdigener Vito Wormgoor yn it shirt fan Columbus Crew © ANP
Nei it ferlies stiet Cambuur op it sânde plak fan de earste divyzje. Kommende freed spylje de Ljouwerters de útwedstriid tsjin koprinner Willem II.