Min ferdigenjend Cambuur ferliest thús fan hikkesluter TOP Oss

Jeremy van Mullem SC Cambuur
Jeremy van Mullem fan SC Cambuur © Orange Pictures
SC Cambuur hat de thúswedstriid tsjin TOP Oss mei 1-2 ferlern. De Ljouwerters wiene ferdigenjend swak tsjin de leechfleaner fan de Keuken Kampioen Divisie.
Cambuur gie yn it earste kertier mei faasje op syk nei in iepening yn it ferdigeningsblok fan TOP Oss, mar koe gjin gatsje fine. Der gie in soad mis oan beide kanten: passes dy't ferprutst waarden en ballen dy't it doel misten.
Yn de 42e minút waard it even gefaarlik foar de Ljouwerters doe't âld-Cambuurspiler Delano Ladan de bal besocht yn te sjitten, mar doelman Yanick van Osch koe it skot mei syn fûsten tsjinhâlde. Flak dêrnei besocht TOP Oss it wer, mar de bal gie yn it sydnet.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch, Tol, Smand, Bergsma, Poll, Van Mullem, Breij, De Jong, Balk, Smit, Anello
Cambuur koe kin gjin fet krije op de wedstriid. Flak foar it skoft kaam der dochs noch wat sensaasje yn de 16-meter fan TOP Oss. Michael Breij fûn dat er in strafskop fertsjinne, mar it waard in hoekskop foar him. Marco Tol krige kâns om dy yn te koppen, mar de bal gie neist.
Al mei al wiene der net in soad mooglikheden foar beide ploegen en sa giene de spilers de klaaikamers yn mei in 0-0 tuskenstân.

Korner fan Breij

Nei it skoft kaam der wat mear fjoer yn it spul. Cambuur ûntkaam mar krekt oan de 0-1, nei't in kopbal fan Arthur Allemeersch tsjin de peal fan it doel fan Van Osch stuite.
Mei in tal wiksels waard besocht wat mear aksje te kreëarjen. Dy aksje kaam dan einlik yn de 75e minút. Michael Breij skeat hast yn ien kear in korner yn it doel fan Oss-keeper Mike Havekotte, mar it wie Remco Balk dy't it doelpunt úteinlik op syn namme skreau.
Cambuur-TOP Oss
Cambuur-TOP Oss © Orange Pictures
Lang duorre de blydskip lykwols net by de Ljouwerters, want fjouwer minuten letter sette Allermeersch Oss op 1-1 lyk. Cambuur hie de saken ferdigenjend net op oarder en TOP Oss slagge der net folle letter sels yn op 2-1 foarsprong te kommen troch in doelpunt fan Roshon van Eijma.

Bier op it fjild

Yn de lêste pear minuten fan de ekstra tiid moast skiedsrjochter Jannick van der Laan de wedstriid noch stillizze, om't der bier op it fjild smiten waard. Nei't de biersmiter pakt waard, koe it spul wer fierder. Foar de einstân makke dat lykwols neat mear út.