Rekket Andries Noppert syn basisplak kwyt? "Net allinnich mar pech, it is in tendins"

Sportcast Geert Andor Arjen Roelof
Geert van Tuinen, Andor Faber, Arjen de Boer en Roelof de Vries © Omrop Fryslân
It is foarearst klear mei Andries Noppert op 'e goal by sc Hearrenfean. Trainer Kees van Wonderen moat Mickey van der Hart de foarkar jaan, falt te hearren yn de Sportcast.
Snein gie de Jouster de mist yn troch de bal tsjin Pawel Bochniewicz oan te sjitten. Fia de Poalske ferdigener rôle de bal úteinlik oer de doelline. Hearrenfean ferspile dêrtroch in 2-1 foarsprong en dêrmei twa kostbere punten.
Sportferslachjouwer Roelof de Vries is efkes yn de statistiken fan Noppert dûkt en sjocht dat it gjin ynsidint is. "Fan de 37 tsjindoelpunten wie Noppert by 13 belutsen. Hy hat in ferskriklik min seizoen. It is net allinnich mar pech, it is in tendins."

Van der Hart op 'e goal

De Vries fynt dat Van Wonderen Noppert der om dy reden út helje moat. "Dan moatte je de konklúzje lûke dat je Van der Hart in kâns jaan moatte."
Sportferslachjouwer Arjen de Boer is it dêr net mei iens. "Je hawwe krekt syn kontrakt ferlinge, hy is de djoerste spiler fan Hearrenfean en hy is it úthingboerd fan de klup. Is Van der Hart no safolle better? Ik soe trochgean mei Noppert."
Hearrenfean hopet him te fersterkjen mei Loizos Loizou. Neffens direkteur Ferry de Haan komt dat wol goed. "Hij zit nog niet in het vliegtuig, maar we gaan er vanuit dat dat wel gaat gebeuren."
Cambuur is sa goed as wis fan de tsjinsten fan Vito Wormgoor, wit sportferslachjouwer Andor Faber. "Dat sjocht der goed út. By Cambuur hoopje se it hjoed noch yn 'e oarder te meitsjen."
Sportferslachjouwer Geert van Tuinen tinkt dat Wormgoor in oanwinst is, al is it allinnich mar om syn karakter. "It is beslist gjin ideale skoansoan, it is in 'kloatsek' en dat is wat Cambuur wol brûke kin."

Sylla nei de kwartfinale

Cambuur kin freed tsjin Willem ll net beskikke oer linkerferdigener Sekou Sylla. Hy helle snein mei Guinee de kwartfinale fan de Afrika Cup. "Heel veel mensen in Guinee waren op straat aan het feestvieren", seit Sylla út Ivoarkust wei, dêr't de Afrika Cup spile wurdt.
Freed treft Guinee yn de kwartfinale Kongo. Yntusken ferliest Sylla syn meispilers by Cambuur net út it each. De wedstriid tsjin TOP Oss fan moandeitejûn sil yn alle gefallen ien sjogger hawwe yn Ivoarkust: Sekou Sylla. "Die ga ik zeker kijken!"
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.