Wa wit mear oer 41 Fryske matroazen dy't op in oarlochsskip sieten dat yn 1715 fergie?

Argyf, Fregat
Ynformaasje oer it fregat © Omrop Fryslan
Yn it iiskâlde wetter tusken Finlân en Estlân, leit op 64 meter djipte in histoarysk skipswrak. It giet om it Nederlânske oarlochsskip Huis te Warmelo. De ôfrûne jierren is der yngreven ûndersyk dien nei dit skip, mei in opfallend heech tal Friezen oan board. Mar der bliuwe fragen.
It grutte fregat waard yn 2016 mei help fan in âlde seekaart identifisearre, en is noch yn reedlik goeie steat. Al goed 300 jier leit it houten gefaarte op de boaiem fan de Finske Golf, nei't it op 25 augustus 1715 fergie yn min waar.

Rots

It Huis te Warmelo wie op dat stuit mei alve oare Nederlânske oarlochsskippen ûnderweis om keapfarders te beskermjen yn de Eastsee. Op dit wetter strieden de Sweden en de Russen om de macht. De Nederlânske oarlochsskippen hiene yn har taak stipe fan de Ingelsen.
Op de weromreis fan Sint Petersburg nei Tallin rekke it Huis te Warmelo in rots ûnder wetter, en dêrtroch fergie it. Sa'n 70 bemanningsleden koene troch de Ingelsen rêden wurde, de rest kaam om.
Under de bemanning fan it Huis te Warmelo wie in opfallend heech tal Friezen: 41. Opfallend om't it skip fan Noard-Hollânske makkelij wie, en Medemblik as thúshaven hie. It grutste part fan de bemanning kaam dan ek út dizze stêd, mar blykber is der aktyf socht nei Fryske bemanning.
Peter Swart docht al hast tsien jier ûndersyk nei it skip, en fynt it grutte tal Friezen opfallend: "Ik heb vergelijkingen gedaan met andere schepen uit die periode. En dan zie je wel dat er altijd wel een paar Friezen aan boord zijn, maar dan heb je het over vier of vijf Friezen. Maar blijkbaar was er een noodzaak bij dit specifieke schip om matrozen uit Fryslân te halen."

Ljouwerter matroas Benedictus

Sûnt de ûntdekking fan it skip is Swart al dwaande om mear witte te kommen oer de bemanning oan board fan it fregat. By guon is dat dreech, mar by oaren hat er mear gelok. Lykas by Wobbe Benedictus, in jonge út Ljouwert dy't opgroeid is yn it Burgerweeshûs.
Wa wit mear oer dizze 41 Fryske matroazen?
Gauris is in jeugd yn in weeshûs in goudmyn foar histoarisy, om't alles goed registrearre wurdt. Sa ek by Benedictus. Yn de argiven fan it HCL is werom te finen dat er in oplieding ta kleanmakker dien hat, en dat er in âldere broer hie, dy't al jong ferstoarn is.

Hobby

Mar Benedictus is mar ien fan de 200, Swart ropt minsken dy't graach yn de argiven sneupe dan ek op om út te sjen nei de nammen op de betelrol. Sa soe it samar kinne dat ien of mear fan de matroazen by in oar ûndersyk nei foaren kaam is. Bygelyks by minsken dy't har eigen stambeam útsykje.
Swart hat foar himsels gjin eindatum ynpland om it ûndersyk nei het Huis te Warmelo ôf te sluten, it is foar him in hobby dy't út de hân rûn is. Dy't er mei in soad leafde docht.
De Fryske Akademy organisearret sneon 3 febrewaris fan 14:00 oant 17:00 oere in sympoasium oer Fryske Maritime Skiednis. De sprekkers sille har fokusje op Friezen yn en by de Admiraliteiten in de Nederlanden en yn it bûtenlân.
De kosten foar it sympoasium binne € 17,50, dit is ynklusyf in besite oan Fries Scheepvaart Museum. Foar leden/stipers fan de Fryske Akademy of lju dy't in Museumkaart hawwe, binne de kosten € 15,00. Oanmelde kin fia it Fries Scheepvaart Museum.