Wettertoer yn Sint Jabik wurdt bêd en brochje: "Echt een fenomenaal uitzicht"

wettertoer bêd en brochje b&b sint jabik
Wurksumheden oan de wettertoer yn Sint Jabik © Omroep Zilt
It soe samar kinne datst dy wol ris dûst hast ûnder wetter ôfkomstich út de wettertoer yn Sint Jabik. Yn dyselde toer kinst ynkoarten sliepe en de wide omjouwing oersjen.
It is it resultaat fan jierren plannen. "Toen onze zoon klein was, zei hij: als ik later groot ben, ga ik in de watertoren wonen", fertelt eigener Erna Kolkman. "En op een geven moment stond er een bord in de tuin."
Nei lang ferboud te hawwen is de toer aanst in bêd en brochje, dêr't minsken ferbliuwe kinne. Op 41 meter hichte wurde nammentlik twa apparteminten realisearre. It doel is om minsken fan it bêd of bad út kilometers fier sjen te litten. "Echt een fenomenaal uitzicht."
It hiele projekt hie aardich wat om 'e hakken. Sa moasten ruten pleatst wurde yn in muorre fan 70 sintimeter dik: "Dat is verreweg het aller-, alleringewikkeldst geweest", seit Kolkman. "Met een hoogwerker en een man met een slijpschijf die stukje bij beetje eruit haalde."

Subsydzje

De famylje koe op nochris 200.000 euro subsydzje rekkenje út de K(l)eigoed Erfgoed Deal. Jild dat se wol brûke koene, seit Kolkman. "Al is het een beetje een druppel op de gloeiende plaat."