Harm Visser sprint nei oerwinning op de Weissensee; Bosma twadde by de froulju

Harm Visser komt mei de hannen omheech oer de streek
Harm Visser komt mei de hannen omheech oer de streek © Timsimaging.nl
Harm Visser hat syn twadde oerwinning op natueriis te pakken. Yn de sprintwedstriid op de Weissensee wie de 23-jierrige Westereender de rapste.
It wie noch net Visser syn wike yn Eastenryk. Ofrûne tongersdei waard er santjinde op de Aart Koopmans Memorial en dit wykein, op it Iepen Nederlânsk Kampioenskip, einige er as sânde.
Harm Visser is bliid mei syn oerwinning nei in drege wike
De wedstriid fan moandei wie relatyf koart: de froulju rieden 40 kilometer, Visser en syn kollega's 60.
Mei in grutte groep kaam it peloton op de finish ôf en Harm Visser wie de rapste fan allegear. Hy kaam foar Evert Hoolwerf en Crispijn Ariëns oer de streek.
It poadium by de manlju: Harm Visser yn it midden, mei links Evert Hoolwerf en rjochts Crispijn Ariëns
It poadium by de manlju: Harm Visser yn it midden, mei links Evert Hoolwerf en rjochts Crispijn Ariëns © Timsimaging.nl
Foar Visser is it syn twadde oerwinning op bûtenlânsk natueriis. Ferline jier wie er op it iis by Luleå (Sweden) de rapste nei in fotofinish, doe ek foar Hoolwerf.

Bosma twadde

By de froulju waard Merel Bosma twadde. Twa dagen nei har nasjonale titel op natueriis moast se allinnich har ploechgenoate Ineke Dedden foargean litte.
It poadium by de froulju: Merel Bosma links, yn it midden winneres Ineke Dedden en rjochts Tessa Snoek
It poadium by de froulju: Merel Bosma links, yn it midden winneres Ineke Dedden en rjochts Tessa Snoek © Timsimaging.nl
It is in bysûndere wike foar Bosma: ferline wike kundige se oan dat se nei dit seizoen ophâldt en sûnt dy tiid pakte se al twa poadiumplakken. En hjoed de tredde.
Merel Bosma pakt har tredde poadiumplak op de Weissensee
Kommende woansdei is de lêste wedstriid fan dit jier op de Weissensee, dan giet it om de Alternative Alvestêdetocht. Yn febrewaris wurde noch trije wedstriden by Luleå ferriden.
Der wurde yn totaal sân wedstriden riden op natueriis yn it bûtenlân:
- 25 jannewaris (Weissensee): Grand prix 1 (Aart Koopmans Memorial)
- 27 jannewaris (Weissensee): Iepen Nederlânsk Kampioenskip
- 29 jannewaris (Weissensee): Grand prix 2 (Sprint)
- 31 jannewaris (Weissensee): Grand prix 3 (Alternative Alvestêdetocht)
- 22 febrewaris (Luleå): Grand prix 4
- 24 febrewaris (Luleå): Grand prix 5
- 25 febrewaris (Luleå): Grand prix-finale