Saharastof soarget foar prachtige reade kleuren by it opgean fan de sinne

Prachtige reade kleuren troch saharasân yn de loft
In bysûndere opkomst fan de sinne moandeitemoarn, dy't dúdlik reader wie as oars. En dat allegear troch sân út de grutste woestijn fan de wrâld.
"Der sit saharasân yn de loft", leit waarman Siebo Mollema út. "Dat is yn feite stof, en dat jout dy reade kleuren."

Stofdieltsjes

Dy reade kleuren hawwe te meitsjen mei de lange wei dy't it sinneljocht ôfleit nei ús ta, fertelt Mollema. "It sinneljocht wurdt brutsen troch stofdieltjes of troch focht lykas wetterdamp. Gewoanwei is it ljocht fan de sinne wyt fan kleur, mar no hat it ferskate kleuren. Dat reade springt der wat út, dat wurdt it minst ferspraat en is it meast te sjen."