Achtstegroepers kommende tiid drok mei trochstreamtoets: "Kin dyn takomst bepale"

In learling út groep acht is dwaande mei de trochstreamtoets
In learling út groep acht is dwaande mei de trochstreamtoets © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Learlingen fan groep 8 fan de basisskoalle kinne fan hjoed ôf de nije 'trochstreamtoets' dwaan. It is de earste kear dat dy ôfnaam wurdt. De trochstreamtoets is de opfolger fan de eintoets, of ek wol CITO-toets.
De toetsperioade duorret trije wiken. Der binne seis soarten toetsen goedkard, skoallen meie sels kieze hokfoar toetsen oft de bern meitsje moatte en oft dat op papier is of digitaal.
De papieren ferzje fan de toets is foar eltsenien op 6 en 7 febrewaris. De digitale ferzje is sels troch de skoalle yn te plannen. Learlingen hawwe in moarns- of middeisskoft de tiid foar de toets.
Lieke lit in oefenboekje fan de trochstreamtoets sjen
Lieke lit in oefenboekje fan de trochstreamtoets sjen © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Op OBS de Twamêster yn Wergea binne se yn groep acht drok oan it oefenjen. "It is wol in belangrike toets," fertelt Lieke. "It kin dyn takomst bepale."
Uteinlik is it doel fansels om de achtstegroepers mei in advys foar in bepaald nivo fan skoalle gean te litten. "Wat dat betreft is dit moment van afnemen nu veel beter", seit Danielle van der Schaaf.
Sy jout les yn groep acht fan OBS de Twamêster yn Wergea. "Anders kwam de eindtoets in april of mei. Dan hadden de leerlingen al een advies gekregen en voelde het een beetje als mosterd na de maaltijd."
Danielle van der Schaaf is juf fan groep 8 fan OBS de Twamêster
Danielle van der Schaaf is juf fan groep 8 fan OBS de Twamêster © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
"Vergeleken met vroeger is het sowieso anders. Vanaf groep zes worden alle cito-resultaten meegerekend in een plaatsingswijzer. De resultaten worden ingevoerd en na drie jaar rolt er een advies uit. Daardoor is het minder een momentopname."
De kar fan de skoalle foar in papieren ferzje fan de toets is in bewustenien. "Wij denken dat het beter bij onze leerlingen past. Dan kunnen ze de tekst wat beter tot zich nemen en als ze willen zinnen arceren."
Oefenje mei de trochstreamtoets
Dochs is der ek krityk op de nije foarm fan toetsen. De PO-Ried dy't opkomt foar it basisunderwiis, seit dat it yndielen op nivo mei in toets pas op folle lettere leeftiid moat, as se 15 jier binne.
Toetsen soenen net goed útpakke foar betide learlingen, bern mei in migraasje-eftergrun of learlingen dy't libje yn earmoed.

Likense kânsen

Yn alle gefallen krije learlingen en harren âlden foar 24 maart it definitive advys foar de middelbere skoalle. Yn dy wike moatte alle learlingen har tagelyk oanmelde foar de middelbere skoalle.
Dat moat derfoar soargje dat alle achtstegroepers deselde kânsen hawwe om op de skoalle te kommen dy't har foarkar hat, al spilet dat benammen yn de rânestêd.
Learlingen fan groep 8 fan OBS de Twamêster
Learlingen fan groep 8 fan OBS de Twamêster © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Yn totaal meitsje tusken 29 jannewaris en 18 febrewaris yn ús lân 170.000 learlingen fan groep acht de trochstreamtoets.