Liveblog | 29 jannewaris

112-nijs 29 jannewaris: Beleanning fermiste hûn ferdûbele | Sel foar oantaasting yn supermerk

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 29 jannewaris, 17:28
17:28

Stynsgeaster moat sel yn foar oantasting winkelmeiwurkster

In 41-jierrige man út Stynsgea moat seis wiken de sel yn, omdat er yn de Lidl fan Surhústerfean in meiwurkster oantaaste hat. Hy hie mei de hân oan it boarst fan de frou sitten.
De man hat faker foar oerlêst soarge en mocht al net mear yn de Aldi, de Albert Heijn en de Lidl yn Surhústerfean komme. Doe't er him in kear net oan it winkelferbod hold en dêrnei op it plysjeburo fan Ljouwert fêstsiet, hat er dêr twa kear yn de broek pisse.
De Stynsgeaster wie net oanwêzich by de rjochtsaak. It slagget de ynstânsjes net om mei de man yn kontakt te kommen.
Neist de selstraf hat de rjochter ek bepaald dat de man in skeafergoeding fan 1.250 euro betelje moat oan de frou dy't er oantaaste hat. It ynsidint hie sa'n ympakt op de frou dat se derfoar yn terapy moast. Boppedat moat er 210 euro skjinmakkerskosten betelje oan de plysje.
16:10

Eigeners fermiste chowchow Paco ferdûbelje beleanning

Paco de chowchow
Paco de chowchow © Appie van der Kooy
De eigeners fan de fermiste hûn Paco út Ljouwert ha de beleanning foar de gouden tip om har hûn werom te krijen, ferdûbele. Earder loofden se 2.500 euro út, no is it bedrach ferhege nei 5.000 euro.
De chowchow Paco wurdt sûnt oardel wike fermist. Hy rûn altiten los op yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert en wie dêr in bekende ferskining. Doe't de hûn op tongersdei 18 jannewaris der middeis wer útgie foar in kuierke, kaam er net wer werom.
15:24

Oerterper (26) krijt wurkstraf foar pinnen mei pinpas fan in oar

In Oerterper hat in wurkstraf fan 80 oeren krigen, dêr't 30 fan ûnder betingst oplein binne. De 26-jierrige man hat dy straf krigen foar it pinnen mei in oar har pinpas.
In freon fan de man, in 28-jierrige Drachtster, brocht him yn kontakt mei in freondinne. De Oerterper sei dat er har rekken brûke woe om jild te ûntfangen, omdat er sels ûnder bewâld stiet. De frou seach letter dat der gjin jild op har rekken stoart wie, mar dat har eigen jild fan de rekken ôfhelle wie. De Drachtster ferklearre de man "uit een beetje angst" holpen te hawwen. Hy is frijsprutsen.
De Oerterper moat it jild dat er pind hat, goed 3600 euro, werombetelje. Hy mei ek net mear dielnimme oan gokspultsjes en moat meiwurkje mei kontrôles op gebrûk fan alkohol en drugs.
14:53

Bestjoerder rydt it spoar op yn Ljouwert

Auto rydt it spoar op yn Ljouwert
Auto rydt it spoar op yn Ljouwert © AS Media
Yn Ljouwert is in auto by fersin it spoar opriden. De bestjoerder soe de ferkearde ôfslach nommen ha oan de Achter de Hoven yn de stêd.
Troch de auto op it spoar ride der tydlik gjin treinen tusken Ljouwert en Hurdegaryp. In bergingsbedriuwe sil de auto fan it spoar ôfhelje.
07:16

Wurk oan de Skieding

Der wurdt hjoed wurke oan de N358, de dyk op de provinsjegrins fan Fryslân en Grinslân. Dêrom binne der ferkearsregelers aktyf:
07:08

Brêge Nijhuzum moannen net iepen

Yn ferbân mei wurk oan de Nijhuzumerbrêge by Warkum is dêr oant en mei 22 maart gjin betsjinning. Dat betsjut dat dy brêge oant en mei dan net iepen giet foar skipferkear.