Gemeentebelestingen omheech yn Fryslân, sjoch hjir hoe't it yn dyn gemeente sit

De gemeente Harns ferwachtet 8,4 prosint mear te ûntfangen út gemeentlike belestingen
De gemeente Harns ferwachtet 8,4 prosint mear te ûntfangen út gemeentlike belestingen © Shutterstock.com (Marc Venema)
De gemeentebelestingen geane ek yn Fryslân dit jier omheech, yn trochsneed mei 6,2 prosint. Dat is leger as it lanlik gemiddelde (8,5 prosint).
Yn totaal ferwachtsje gemeenten 415,9 miljoen euro te ûntfangen út heffingen. Dat meldt it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) op basis fan de gemeentlike begruttingen.
De grutste tanimming fan belestingopbringsten wurdt begrut op Skiermûntseach: 18,6 prosint. Fan de gemeenten oan de fêste wâl ferwachtet Harns it measte ekstra te ûntfangen (8,4 prosint).
Wat der begrutte wurdt, kin ferskille mei wat der úteinlik echt binnenkomt. Dat hat benammen te krijen mei it feit dat de ynkomsten út boufergunningen en toeristebelestingen dreech te foarsizzen binne.
Klik op in gemeente om te sjen hoefolle opbringsten der ferwachte wurde út de belestingen. Docht de kaart it net goed, klik dan hjir.
De measte ynkomsten helje hast alle gemeenten út de ûnreplikesaakbelesting (ozb). Dy giet yn Fryslân mei 6,6 prosint omheech: op de fêstewâlsgemeenten it measte yn Waadhoeke (10,5 prosint).
Dat de ozb omheech giet, komt trochdat de hûzeprizen ek noch hieltyd heger wurde. Op 1 jannewaris wie de gemiddelde WOZ-wearde fan in wenning yn Fryslân 278.000 euro, dat is 13,4 prosint mear as in jier earder.
De WOZ-wearde is in skatten merkwearde fan in hûs. WOZ stiet foar 'Waardering Onroerende Zaken'. De WOZ-wearde bepaalt hoefolle belesting en gemeentlike heffingen oft hûseigeners betelje moatte. Dan giet it bygelyks om wetterskipslêsten of ûnreplikesaakbelesting.
De WOZ-wearde wurdt troch gemeenten bepaald mei in taksaasje, wêrby't soartgelike huzen mei-inoar ferlike wurde. Der wurdt ek sjoen nei oerflakte, ynhâld en lizzing.
De Waadgemeenten ûntfange de measte opbringsten just út toeristebelesting, op Skiermûntseach en Flylân is dat sawat de helte fan alle belestingynkomsten.
Mear nijs út Fryslân? Download no de app fan Omrop Fryslân yn de App Store (iOS) of de Play Store (Android).