Doelman Andries Noppert nei nije flater: "Wêrom ik?"

Andries Noppert bûcht de holle
Andries Noppert bûcht de holle © ANP
Hy wurdt der suver moedeleas fan, Hearrenfeandoelman Andries Noppert: wer in flater en wer liedt it ta puntferlies fan syn klup. De 'tower fan De Jouwer' stiet net mear kein oerein. "It brokkelet je yn de hannen ôf."
De man dy't yn desimber 2022 noch in kwartfinale keepte op it WK liket it no net mear yn de fingers te hawwen. Tsjin AZ gie it snein opnij mis, en ek noch op in knoffelige wize.

Tik

Noppert stoarme syn doel út nei in lange bal oer de ferdigening hinne. "Ik kaam der mei faasje op ôf", sa rekonstruearret hy it desastreuze momint yn minút 88. "Ik tocht: as ik hjir glydzje, dan kin ik wolris bûten it strafskopgebiet bedarje. Dus dan moatte je soargje dat je him fol reitsje."
"Dat barde ek wol", seit Noppert. "Mar no wie it gjin 'polletje', no skeat ik him tsjin immen oan. Dat is in tik." Noppert rekke Pawel Bochniewicz en fia de Poalske ferdigener rôle de bal úteinlik oer de doelline. Sa pakte Hearrenfean gjin wichtige trijepunter tsjin topklup AZ, mar in skeamel puntsje.
Andries Noppert is iepen en realistysk oer syn optreden
It wie net de earste kear dat it sa misgie mei Noppert: tink bygelyks oan it momint yn de wedstriid tsjin PEC Zwolle. Noppert waard ferrast troch in 'polletje' yn it fjild, hy rekke de bal net goed en sa late hy in Zwolsk doelpunt yn.
"Dit seizoen liket echt alles de ferkearde kant op te fallen. De gifbeker moat hielendal leech. Je wurde der wolris wurch en moedeleas fan: wêrom ik? Wêr komt dit wei?"

"Ik bin net de kening"

Noppert is realistysk en wit ek dat hy syn basisplak by Hearrenfean samar kwytreitsje kin. "Dit is topsport, sa wurket it yn it fuotbal. Ik bin net de kening. Je moatte prestearje om wat te fertsjinjen. Mar eltsenien kin derfan útgean dat ik my foar 110 persint ynset."
Trainer Kees van Wonderen wol noch net sizze oft Noppert no syn basisplak kwyt is. "Je kijkt in het belang van het team. Er is een concurrentiestrijd gaande, maar hem te vroeg passeren, zou ook niet terecht zijn. Hij heeft ook veel goeds gedaan, heeft het Nederlands elftal gehaald. Het is een lastige afweging."
Kees van Wonderen wie net ûntefreden mei it optreden fan syn ploech
Oant it momint fan Noppert like it der sterk op dat Hearrenfean AZ ferrasse soe. De ploech kaam mei 2-1 foar en stie nei in reade kaart foar AZ-ferdigener Denso Kasius ek noch mei in man mear op it fjild. "Er zat energie in de ploeg en we kregen kansen om de derde te scoren. Dan is de kans heel groot dat je hem over de streep trekt", wit Van Wonderen.
"Er zat meer in vandaag", stelt de trainer. "Als er na het polletje in Zwolle weer zo'n moment ontstaat waardoor je de drie punten niet haalt, dan is dat even pijnlijk, maar dit is sport. We rapen de boel weer bij elkaar en gaan verder met wat we vandaag hebben laten zien."
We moeten wel gaan kijken hoe we van die klungelige momenten af gaan komen.
Hearrenfeanmiddenfjilder Luuk Brouwers
Middenfjilder Luuk Brouwers makke de 2-1 en it like der dus lang op dat hy de matchwinner wurde soe. "Je werkt je zo de pleuris met zijn allen. Je speelt een prima wedstrijd, creëert kansen, dat je hem dan zo tegenkrijgt, terwijl je eigenlijk niet veel weggeeft, is heel erg zuur."
Luuk Brouwers makke net de winnende goal
"Het is een repeterend verhaal", sjocht Brouwers. "Vorige week een terugspeelbal, daarvoor een ongelukkig moment met het polletje, dan slaat de moedeloosheid wel toe."
"We hebben gedaan wat we konden vandaag: we hebben fouten gemaakt, maar ook hele mooie dingen laten zien. Dat is wat het op zijn minst moet zijn", fynt de middenfjilder. "Maar we moeten wel gaan kijken hoe we van die klungelige momenten af gaan komen."

Haye net nei Como, mar wol op de bank

De gewoanwei fêste basisspiler Thom Haye siet tsjin AZ op de bank. Dat wie net om't hy op wei is nei in oare klup: in transfer nei it Italiaanske Como is fêstrûn. Dochs sette trainer Van Wonderen de middenfjilder op de bank.
"Ik heb zelf juist aangegeven dat er niks lekkerder is dan het van je af te spelen, daar kan je over van mening verschillen", seit Haye oer de situaasje.
Thom Haye giet net fuort by Hearrenfean
"Ik heb wel aangegeven dat ik het jammer vond dat de transfer niet doorging", seit Haye. "Maar ik heb gezegd de situatie te accepteren zoals die is en ik heb de knop gewoon omgezet."
Haye wie dan ek fernuvere dat er net yn de basis stie. "Het was even schakelen, ik kan me niet herinneren wanneer ik voor het laatst van de bank moest komen. Elke speler wil het liefst vanaf de start beginnen."
De middenfjilder seit it seizoen hoe dan ek by Hearrenfean ôf te meitsjen. Mar wat de perioade dêrnei oanbelanget: "Alles ligt open."