Rappe nije oanfaller Agustín Anello sjocht út nei earste wedstriid foar Cambuur

Agustín Anello yn it shirt fan SC Cambuur
Agustín Anello yn it shirt fan SC Cambuur © Dijks Fotografie
Agustín Anello is de earste nije oanwinst foar Cambuur yn dizze winterske transferwindow. De 21-jierrige Anello wurdt foar de rest fan it seizoen hierd fan earedivyzjonist Sparta Rotterdam. Anello is in rappe linksbûten, dy't lykwols ek op rjochts én yn de spits út de fuotten kin.
Syn roots lizze yn Argentinië, mar hy is berne yn Miami, Florida USA. Hy hat ek de Amerikaanske nasjonaliteit.
Anello hat ûnder oare spile foar Hajduk Split. Mei dy klup wûn er de bekerfinale. Foar syn komst nei Sparta spile hy yn België, by Lommel. By Sparta kaam Anello net folle fierder as wat ynfalbeurten, en dus koe Cambuur de spiler foar in heal jier hiere.

Een lange reis einiget foarearst yn Ljouwert

Anello is noch mar 21 jier, mar hat al de nedige ynternasjonale ûnderfining opdien, sa fertelt er.
"Ik haw by in oantal klups spile yn Spanje. Dêrnei bin ik ferhûze nei België. En fan dêr út nei Hajduk Split yn Kroatië. Uteinliks bin ik yn Rotterdam útkaam by Sparta."
Benammen oan Hajduk Split bewarret er goede oantinkens. Mei dy klup wûn er dus de nasjonale beker. "Ja dat wie geweldich. Ik wie ek fereale op de stêd Split en de passy fan de minsken dêr. It wie prachtich."
Agustin Anello, de nije oanwinst fan Cambuur
By Cambuur hopet Anello de nedige minuten te meitsjen. Mar de fraach is: wat is er no. In linksbûten, in rjochtsbûten, in spits miskien? Anello: "Ik begjin it leafst oan de linkerkant. Mar ik fiel my oan de rjochterkant ek wol komfortabel. Foar my is beide goed. Ik wol my ûntwikkelje."