Cambuur moat TOP Oss "net ûnderskatte" nei foarige megawinst

Henk de Jong jout oanwizingen
Henk de Jong jout oanwizingen © Dijks Media
Cambuur spilet moandeitejûn de útstelde wedstriid thús tsjin TOP Oss. Dy klup is de nûmer lêst. Ofrûne novimber wûn Cambuur mei 8-1 fan dizze tsjinstanner, mar dat hat west, seit trainer Henk de Jong. "Wy kinne net ûnderskatte, want dan gean we deroan."
Cambuur hat de leadswiere bekerpot fan tongersdeitejûn noch yn de fuotten. Pas nei ferlinging wisten de Ljouwerters mei 4-3 te winnen fan de amateurs fan Hercules.
Mar der binne gjin problemen, seit de trainer. "We binne goed hersteld, we binne hartstikke goed hersteld. Ik bin bliid dat we wûn hawwe en dat ús jeugd him goed sjen litten hat. Dat kin fansels net alle wiken."
De Jong woe oer de opstelling noch neat kwyt. De kâns dat hy wat feroaret is oanwêzich, mar dat hâldt de trainer noch efkes foar him. "Ik jou myn opstelling noch net priis. De spilers witte de opstelling ek noch net."
Henk de Jong sjocht foarút op de wedstriid tsjin TOP Oss
Cambuur sjocht om him hinne om nije spilers oan de seleksje ta te heakjen. Seker yn de ferdigening moat in ympuls komme, want dêr mankearret der noch alris wat oan.
"We misse no twa backs en ek Marcel Schaapman dy't dêr spylje kin leit der lang út. Mar it moatte wol goeie jonges wêze, dy't drekt yn de basis kinne en wat lieding jaan kinne."

Flugge nije oanfaller

Cambuur hat de earste oanwinst binnen. De 21-jierrige Agustín Anello, mei roots yn Argentinië, mar mei de Amerikaanske nasjonaliteit, is foar de rest fan it seizoen hierd fan earedivyzjonist Sparta.
De Jong sjocht der wol brea yn. "In rappe fleugeloanfaller. En ek in jonge dy't al it nedige meimakke hat op syn jonge leeftiid. Hy is hiel fluch en hy kin ek in goal meitsje. Hy hat mei Hajduk Split de beker wûn en hat ek spile yn België by Lommel."
Agustín Anello wurdt de rest fan it seizoen hierd
Agustín Anello wurdt de rest fan it seizoen hierd © Dijks Media
Cambuur stiet op dit stuit op in sande plak, mei 34 punten út 21 wedstriden. As de Ljouwerters de wedstriid tsjin TOP Oss witte te winnen, dan komt Cambuur in plakje heger út en sitte de Ljouwerters wer ticht tsjin de topploegen oan.
"Wy moatte de neikompetysje helje. Sjen dat we trije kear it stadion fol krije kinne. En we moatte ek sjen dat we de folgjende bekerronde helje kinne. Dat is belangryk foar de klup. Dat we yn alle gefallen wer meidogge."
De wedstriid tusken Cambuur en TOP Oss begjint moandeitejûn om 20.00 oere. It duel is te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio, dat begjint om 19.45 oere.