Hearrenfean lit oerwinning út de hannen glûpe troch eigen flaters

Doelman Andries Noppert spile net in sterke wedstriid
Doelman Andries Noppert spile net in sterke wedstriid © ANP
Sportklup Hearrenfean like trije punten te pakken tsjin topklup AZ, mar troch gegriem yn de ferdigening moast de ploech it dwaan mei in punt: 2-2.
It duel wie in spektakelstik: der barde fan alles: sa waard it duel stillein, wienen der twa eigen doelpunten en foel der in reade kaart.
Trainer Kees van Wonderen ferraste troch middenfjilder Thom Haye op de bank te setten. Hy waard ferfongen troch Syb van Ottele. Fierder wie Pelle van Amersfoort werom yn de basis. It eksperimint mei Luuk Brouwers yn de punt mislearre tsjin Excelsior folslein en dus kaam Van Wonderen op dat beslút werom.
Mats Köhlert wie wer werom nei in skorsing. Hy ferfong Denzel Hall, dy't tsjin Excelsior ek bepaald gjin sterke yndruk makke.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Braude, Van Beek, Bochniewicz, Köhlert; Van Ottele, Olsson, Brouwers; Wålemark, Van Amersfoort en Sahraoui.
De wedstriid wie noch mar krekt begûn of hy lei alwer stil. Ut it fak mei de AZ-supporters wei waard fjoerwurk op it fjild smiten. Skiedsrjochter Sander van der Eijk stjoerde beide ploegen nei de klaaikeamers. Nei goed in healoere koe de wedstriid wer ferfette wurde.
Fjoerwurk op it fjild yn it Abe Lenstra Stadion
Fjoerwurk op it fjild yn it Abe Lenstra Stadion © ANP
Hearrenfean hie yn de begjinfaze licht de oerhân, mar al gau naam de ploech yn Alkmaar it inisjatyf oer. Nei 20 minuten resultearre dat yn de iepeningstreffer. In foarset fan Denso Kasius dy't lang ûnderweis wie, waard troch Vangelis Pavlidis oer Hearrenfeankeeper Andries Noppert kopt: 0-1.

Rap antwurd

It antwurd fan Hearrenfean folge rap. In foarset fan Patrik Wålemark waard yn de 24e minút yn eigen goal tikke troch AZ-oanfierder Jordy Clasie: 1-1.
It wie in gelokje, mar de goal telt
It wie in gelokje, mar de goal telt © ANP
Sa wie it in oantreklike wedstriid dy't moai op en del gie, mar AZ wie wol de meast driigjende ploech. Al fluch nei de lykmakker krige de ploech út Alkmaar in goede kâns op in nije foarsprong, mar it skot fan Sven Mijnans ferdwûn krekt njonken de goal.

Hearrenfean mei in man mear

Hearrenfean hie it dus dreech, mar nei fjirtich minuten waard de ploech wol holpen troch AZ-rjochtsback Kasius. De ferdigener gie op de ljisk fan Pawel Bochniewicz stean en nei yngripen fan de VAR stjoerde skiedsrjochter Van der Eijk Kasius mei in reade kaart nei de kant.
Van der Eijk jout read oan Kasius
Van der Eijk jout read oan Kasius © ANP
Mei in man mear begûn Hearrenfean better oan de twadde helte en it smiet al fluch in doelpunt op. Osame Sahraoui passearre AZ-ferdigener Alexandre Penetra maklik en joech de bal goed oan Brouwers. De middenfjilder skeat de bal kalm yn de hoeke: 2-1.
Brouwers krige even letter wer in goede kâns. Dizze kear krige hy de bal op de râne fan it strafskopgebiet oanspile troch Mats Köhlert. Mar no siet der net genôch feart efter de bal om it AZ-doelman Rome-Jayden Owusu-Oduro dreech te meitsjen.
Mei in man mear wie it krekt wat makliker fuotbaljen foar Hearrenfean
Mei in man mear wie it krekt wat makliker fuotbaljen foar Hearrenfean © ANP
AZ stie dan wol mei in spiler minder op it fjild, de ploech hat fansels genôch kwaliteiten Hearrenfean ek dan sear te dwaan. Fia ynfaller Ernest Poku krige de ploech út Alkmaar in goede kâns op de lykmakker, mar de oanfaller skeat tsjin de bûtenkant fan de peal.
De besikers setten yn de slotfaze alles op alles om noch op likense hichte te kommen en yn de 88e minút foel dy ek noch en de wize wêrop wie al hielendal soer. In lange bal foel tusken Noppert en Bochniewicz yn. Doe't Noppert de bal fuortsjitte woe, skeat hy him tsjin de Poalske ferdigener oan en sa rôle de bal yn de goal: 2-2.
Dêrnei waard der net mear skoard. Hearrenfean sjit net in soad op mei it lykspul. De ploech hat no 21 punten út 19 wedstriden en bliuwt dêrmei yn de gefaresône hingjen.