Liveblog | 28 jannewaris

112-nijs 28 jannewaris: Brânwacht wer yn aksje by timmerbedriuw Harns

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 28 jannewaris, 16:48
16:48

Brantsje yn flat Ljouwert gau út

Brân portiekflat ljouwert
Brân portiekflat ljouwert © AS Media
Op de tredde etaazje fan in flat oan De Kei yn Ljouwert is sneintemiddei brân ûntstien. De brânwacht koe de flammen rap blusse en koe foarkomme dat it oersloech nei in njonkenlizzende wenning.
Wat der krekt yn de brân flein is en hoe't dat sa komme koe is net bekend.
16:26

Brânwacht wer nei pân timmerbedriuw Harns

Wer brân yn pân timmerbedriuw Harns
Wer brân yn pân timmerbedriuw Harns © CAMJO Media
Ut it pân fan it timmerbedriuw oan de Grettingalaan yn Harns kaam sneintemiddei ljochte reek. It is noch net bekend wat de oarsaak wie.
Ofrûne tongersdei wie yn it gebou in grutte brân, de twadde grutte brân yn in wike foar de brânwacht fan Harns.
11:33

Autobrân by De Trieme: twa slachtoffers mei brânwûnen

Fan de auto is net folle mear oer
Fan de auto is net folle mear oer © ProNews Producties
Op de Trekwei (N910) by De Trieme is snein om 10.30 oere hinne in auto yn 'e brân flein. Der sieten op dat stuit twa minsken yn de auto, sy hawwe beiden brânwûnen oprûn. Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend makke.
Ien fan de slachtoffers hat sokke slimme ferwûningen, dat in traumahelikopter op it plak kaam is. Medysk personiel hat him oer de slachtoffers ûntferme. De ynsitters koene sels noch út de auto komme. Ien fan har is in sleat yn sprongen foar de ferkuolling. Dêrnei binne se earst opfongen troch omstanners.
De brânwacht fan Kollum hat it fjoer útmakke, de auto is folslein útbaarnd. Fierder wiene der ek plysje en meardere ambulânsen op it plak.
Yn ferbân mei de helpferliening waard de Trekwei ôfsletten foar it ferkear. De dyk bliuwt noch in skoft ticht fanwegen it forinsyske ûndersyk fan de plysje,
11:30

Goeiemoarn en wolkom

Wolkom by it 112-liveblog fan snein 28 jannewaris. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.