Ashley de Haan lit har net tsjinhâlde troch fernuvere reaksjes: "Ik kin der wol oer"

Ashley de Haan
Ashley de Haan yn aksje © Orange Pictures
Foar it earst yn acht jier is der wer in froulike Fryske (assistint-)skiedsrjochter dy't ynternasjonaal aktyf is. De 23-jierrige Ashley de Haan fan Drachten folget âld-skiedsrjochter Sjoukje de Jong op.
In pear wiken lyn hat fuotbalbûn KNVB op in galabyienkomst yn Zeist de saneamde FIFA-badges útdield. As je dy krije, dan meie je ynternasjonale wedstriden liede.
Al jierren hat ús provinsje assistint-skiedsrjochters dy't yn de ynternasjonale top aktyf binne, sa as Erwin Zeinstra, Hessel Steegstra en Jan de Vries. Se flagje by bygelyks Champions League-wedstriden en wiene aktyf op it WK fuotbal.
Dêr dreamt Ashley de Haan ek fan. Se set grutte stappen, neidat se yn 2019 as 19-jierrige begûn as assistint-skiedsrjochter. Yn fjouwer jier tiid is se opklommen nei de earedivyzje foar froulju. By de manlju sit se noch krekt ûnder it betelle fuotbal en flagget se wedstriden by de topamateurs yn de tredde en fjirde divyzje.
Assistint-skiedsrjochters, fuotbal
Ashley de Haan mei de oare fjouwer Fryske assistint-skiedsrjochters dy't ynternasjonaal aktyf binne © KNVB
Op it KNVB-gala krige se ek sa'n FIFA-badge, wêrmei't se ynternasjonale wedstriden dwaan mei. "Dêr dreamst altyd al fan. No't dat slagge is, bist dochs wol in bytsje grutsk", fertelt de Drachtster, dy't sûnt koart mei har freon yn it Drintske Klazienaveen wennet.
It wie in bysûnder momint foar De Haan, dy't dêr har eagen út seach. "It wie echt bizar. Komst binnen en dan steane der in protte skiedsrjochters fan de manlju, dy'tst gewoanwei op de telefyzje sjochst. Dan tinkst: no bin ik ien fan jimme en ha ik ek in FIFA-badge. Dat fielt bysûnder, want it is net foar elkenien weilein."

Hynsteride of fuotbal?

As lyts famke stiet De Haan foar de kar: op hynsteriden of op fuotbal. It wurdt dat earste. Se wurdt dochs it fuotbal ynlutsen as har broerke by ONB yn Drachten begjint te fuotbaljen. Syn ploech hat op in bepaald stuit in assistint-skiedsrjochter nedich, mar de âlden steane net te springen.
"Doe sei myn opa: as ik dy dat no lear, kinsto dat wol dwaan", sjocht De Haan werom op dat momint. 'Opa' is Henk Otten, dy't eartiids sels lang skiedsrjochter west hat. "Ze vroeg: 'Opa, doe ik dat zo goed?' Ze pikte het goed op en nu zien we de vruchten daarvan. Ik ben een heel trotse opa!"
Doe't Ashley har pake en beppe appte dat se de FIFA-badge krige, raasde Otten it út. "We wonen in een flat in Drachten en ik denk dat de hele flat het gehoord heeft. Dan ga ik uit mijn dak. Dat is top natuurlijk!"
We giene mei assistint-skiedsrjochter Ashley de Haan nei it duel tusken Staphorst tsjin Rijnvogels
Der binne yn it betelle fuotbal mar twa Fryske skiedsrjochters, wylst der wol in soad grinsrjochters binne. De lijte liket de Friezen better te lizzen. Dat is foar De Haan net oars, kaam se efter nei in skiedsrjochterskursus. "Dat fûn ik net sa leuk. Dan stiest sa yn it middelpunt. Dit past echt by my."
Njoggentich minuten lang moatte je konsintrearre wêze as assistint-skiedsrjochter en dat is wat De Haan der moai oan fynt. "Moatst op safolle dingen tagelyk lette. Oft de bal net út giet, oertrêdingen, bûtenspul. Bist hiel fokust en moast ûndertusken op in line rinne. Dat fyn ik der hiel moai oan."

Kwalik froulju

Ut sifers fan fuotbalbûn KNVB docht bliken dat mar seis prosint fan de (assistint-)skiedsrjochters yn it Nederlânske fuotbal frou is. "Dat is veel te weinig", sizze se by de KNVB. Dêrom is it bûn dwaande om mear froulike skiedsrjochters, mar ek bestjoerders en trainers te finen.
By de manlju binne der yn it betelle fuotbal twa froulju aktyf op it heechste nivo: assistint-skiedsrjochter Franca Overtoom en fjirde official Shona Shukrula.
De Haan fernimt om har hinne ek dat der hieltyd mear froulju yn it fuotbal komme as skiedsrjochter of assistint. "Dat is ek allinnich mar goed." Dat froulike (assistint-)skiedsrjochters it proffuotbal helje, helpt dêr ek oan mei. "Dan sjochst dat it kin en dan tinkst: miskien kin ik dat ea ek wol."
grinsrjochter
Ashley de Haan by de wedstriid Staphorst - Rijnvogels © Omrop Fryslân
Dochs krijt de Drachtster op de fuotbalfjilden noch wol ris ferbaasde reaksjes by taskôgers, as se it fjild opstapt. "Ik snap wol dat it sjoen wurdt as in mannewrâld, mar ik lit sjen dat ik it ek kin en dat it neat minder is as de manlju. Dat is hiel leuk."
It grutste part fan de reaksjes is posityf, mar der sit ek wol ris wat negatyfs tusken. "Hâldst altyd ferfelende opmerkings en dêr belûke minsken dan ek by dat ik in frou bin, mar do kweekst wol in bytsje in hûd. Ik kin der wol oer."
Ik wit troch alle ûnderfinings wat ik dwaan moat en hoe't it sit. As in oar dêr wat oars fan fynt, moat er dat lekker fine.
Assistint-skiedsrjochter Ashley de Haan
Yn har begjinjierren fûn De Haan it dreech om mei dy negative reaksjes om te gean. Mar de ûnsekerheid hat plakmakke foar in selsfersekere frou, dy't har mantsje stiet tusken alle testosteronbommen op de fuotbalfjilden. "Ik wit troch alle ûnderfinings wat ik dwaan moat en hoe't it sit. As in oar dêr wat oars fan fynt, moat er dat lekker fine."
Wêr't fuotballers dreame fan it heechst helbere, docht De Haan dat ek. Se wol Overtoom en Shukrula efternei en ek by de manlju it heechste nivo helje. "De earedivyzje soe hiel moai wêze. By de froulju wol ik ris in kear op in EK of WK stean. Dat binne doelen wêrfan ik tink: dat soe wol fet wêze!"