Merel Bosma wint nei geweldige solo op Iepen NK op de Weissensee

Merel Bosma yn 'e midden
Merel Bosma yn 'e midden © Tims Imaging | Neeke Smit
Maratonrydster Merel Bosma hat op de Weissensee it Iepen Nederlânsk Kampioenskip pakt. Se kaam nei 100 kilometer solo oer de streek. Sy wie yn triennen nei de wedstriid.
Efter har seach se dat it folsleine poadium yn hannen kaam fan har ploech BDM/BTZ. Elsemieke van Maaren waard twadde en Ineke Dedden tredde, it soarge foar in saneamde cleen sweep foar de ploech fan de Fryske ploechlieder Eelco Kooistra.

Bosma yn triennen

"Dit is echt bizar. Ongelooflijk. Al acht jaar droom ik van winnen op de Weissensee, vanaf het moment dat ik hier een keer tweede werd. En dan lukt het in mijn laatste wedstrijden hier, en dan ook nog in zo'n mooie als het ONK", sei Bosma nei de wedstriid. Sy wie yn triennen.
Merel Bosma fan It Hearrenfean
Merel Bosma fan It Hearrenfean © Orange Pictures
De 31-jierrige Bosma makke woansdei noch bekend op te hâlden nei dit seizoen. Se wûn noch noait op de Weissensee, mar waard op it Iepen Nederlânsk Kampioenskip al wolris twadde en tredde.
"Dit maakt mijn loopbaan echt helemaal af. In kan het echt nog steeds niet geloven. Wat er hier verder ook gebeurt, maakt me niet uit. Mooier dan dit wordt het niet."
De earste reaksje fan Merel Bosma
By de manlju gie de winst nei Daan Gelling. Harm Visser fan De Westereem waard op it sânde plak de beste Fries.
Yn de wedstrijd oer 150 kilometer sierde Marco van der Tuin fan Hallum de wedstriid. Hy lei lang oan kop en waard sa'n 30 kilometer foar de finish ynhelle troch in kopgroep fan 16 man.
Ut dizze groep rieden trije man fuort: Gelling, Chiel Smit en Ronald Haasjes. Homme Jan de Groot fan Hilaard it ek noch, mar it slagge him net om by de trije te kommen.
De trije manlju mochten sprinte om de winst. Gelling wûn, Smit waard twadde en Haasjes tredde. Visser waard 7e, Van der Tuin 12e en De Groot 14e.
Moandei is noch in sprintrace oer 60 kilometer foar de manlju en 30 kilometer foar de froulju. Woansdei fynt de lêste race plak yn Eastenryk mei de Alternative Alvestêdetocht oer 200 kilometer.