Alde Fryske kroniken foar in part mei AI-technyk trochsykber makke

De 'annotatien' fan Horatius Wigeri Vitringa (1631-1699) fan Ljouwert
De 'annotatien' fan Horatius Wigeri Vitringa (1631-1699) fan Ljouwert © kronieken.transkribus.eu
Tresoar hat tweintich âlde, Fryske kroniken online trochsykber meitsje litten. Dat is dien binnen it lanlike projekt 'Chronicling Novelty'. Foar in part is dit automatysk dien mei AI-techniken.
In kronyk is in gronologysk ferhaal of in samling notysjes mei histoaryske feiten. In soarte deiboek dus, dêr't de auteur yn opskreaun hat wat er wichtich fûn.
Wat auteurs notearren gie bygelyks oer it waar, oarlogen, epidemyen, misdieden, in polityk barren of de prizen fan produkten. Yn 't earstoan wiene it foaral begoedige minsken dy't soks diene, mar nei 1500 kamen der ek hieltyd mear 'gewoane' boargers dy't opskreaune wat sy seagen.
Faak is sa'n kronyk bot ferbûn mei de mienskip of it plak dêr't de skriuwer libbe. Dat makket in kronyk ek foar wittenskippers, studinten en leafhawwers fan lokale skiednis ta in moaie boarne.
De lokaasjes dêr't de Fryske kroniken skreaun binne
De lokaasjes dêr't de Fryske kroniken skreaun binne © kronieken.transkribus.eu
Tresoar hat de kroniken oanlevere foar it lanlike digitalisearringsprojekt 'Chronicling Novelty.' It giet om tweintich kroniken út de perioade tusken 1566 en 1899. Tresoar hat it projekt ek finansjeel stipe.

Foar in part mei AI

Guon fan de Fryske kroniken binne earder al yn boekfoarm útjûn, mar oaren bestiene allinne noch mar yn hânskrift. Dizze dokuminten út it argyf binne scand en dêrnei transkribearre.
De transkripsjes binne foar in part automatysk makke, mei de 'hand-written text recognition'-technology fan Transkribus. Dêrby wurdt keunstmjittige yntelliginsje brûkt. Mar ek frijwilligers hawwe fia it platfoarm VeleHanden holpen oan it digitalisearjen.
Yn totaal binne der oer it hiele lân 207 kronykteksten online set, dy't no maklik troch te sykjen binne. Oan de lanlike database is yn totaal fiif jier wurke.

Fan boargemaster oant boer

Troch it projekt is no de kronyk te finen fan Jouke Hendrik Olinjus (1738-1838), dy't trije kear boargemaster fan Harns wie. Hy beskreau wat der barde yn 'e stêd, mar folge ek wat der polityk barde yn de Frânske tiid.
Yn 1657 skreau Horatius Vitringa: "Aen mijn kinderen, kints-kinderen, ofte aen die gene, die nae myn doodt dese annotatien mochten verweerdigen te leesen"
Yn 1657 skreau Horatius Vitringa: "Aen mijn kinderen, kints-kinderen, ofte aen die gene, die nae myn doodt dese annotatien mochten verweerdigen te leesen" © kronieken.transkribus.eu
De Fryske kroniken komme lykwols net allinne by hege hearen wei. Sa binne ek de deiboeken fan Lieuwe Jans de Jong (1798-1855) troch te sykjen.
De Jong wie boer yn de buorskip Poppenhuzen by Aldeboarn en hold troch de jierren hinne sa'n 30 jier deiboeken by. Hy skreau oer bysûndere saken lykas de grutte wettersneed fan 1825, mar ek oer it deistige boerelibben.
De âldste, 16e-iuwske oantekeningen binne makke troch in Ljouwerter notaris, Anthonius Joostsz. De meast resinte oantekeningen binne fan Thijmen Feddes Haagsma (1828-1900), dy't waachmaster yn Grou wie. Syn ferhaal waard yn 2017 skonken oan Historisch Centrum Leeuwarden.
In list mei de Fryske kroniken is hjir te finen. De ynhâld fan de kroniken is op dizze webside troch te sykjen.