Menistetsjerke De Westereen moat nedich opknapt wurde: "Sliepeleaze nachten"

Jan Bergsma by de menistetsjerke fan De Westereen
Jan Bergsma by de menistetsjerke fan De Westereen © RTV NOF
De menistetsjerke yn De Westereen jout de tsjerklike mienskip sliepeleaze nachten. It gebouke oan de Foarstrjitte. moat gau renovearre wurde
"Dogge wy dat net, dan is it tsjerkje aanst ferlern. En dat moatte wy foar it doarp net hawwe", fertelt foarsitter Jan Bergsma fan de renovaasjekommisje.
De gemeente hat yntusken in njoggental fûnsen oanskreaun om de renovaasje betelje te kinnen. Mar dêrfoar moat der wol op syn minst 150.000 euro op it kleed komme.
De menistetsjerke yn De Westereen moat opknapt wurde
"It is yntusken 60 jier lyn dat de tsjerke in opknapbeurt hân hat, dat is echt in skoft lyn. It linoleum dat der doe ynlein is, leit der noch hieltyd yn", follet Annie Rekker fan de gemeente oan. "De elektrisien hat ek sein dat it sa lang duorret foardat de stoppen útslaan, dat de tsjerke dan al fuortbaarnd is. Wy binne echt, echt oan renovaasje ta."
Mar it jild is noch wol in punt. "Ik haw dêr echt wol sliepeleaze nachten fan, ik hoopje dat ús oanfragen goedkard wurde."
De tsjerkemienskip hopet 'm nei renovaasje ek iepenstelle te kinnen foar oare, kulturele inisjativen. "As minsken moaie ideeën hawwe, dan binne sy fan herte wolkom en wolle wy as tsjerke altyd meitinke", seit Rekker.