Gouden Griffelwinner Gozert oer in tinkbyldige freon krijt teäterfoarstelling

Frets
Jeugdteäter Frets © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De manlju fan Jeugdteäter Frets yn Snits meitsje in Fryske foarstelling fan it boek Gozert. Dit boek wûn yn 2021 de Gouden Griffel.
It giet oer in jonge neamd Ties, dy't bêste freonen is mei syn tinkbyldige freon Gozert. In ferhaal oer freonskip, humor en emoasje. De Afûk sil ek in Fryske oersetting fan it boek útjaan, dat op de premjêre op 7 febrewaris presintearre wurdt.
Yn it boek fan skriuwer Pieter Koolwijk is Gozert de aardichste en coolste freon dy't je je mar foarstelle kinne. Allinnich is Ties de iennichste dy't Gozert sjocht en heart. Yn syn fantasy dus.
Frets
De foarstelling Gozert © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De plannen fan Gozert bringe Ties ek geregeld yn de problemen. De âlden fan Ties fine it better dat Gozert ferdwynt en stjoere him nei 'Huize Hoopvol'. Dêr besykje se mei medikaasje en terapy Gozert en Ties te skieden.

Frysk

De foarstelling wurdt yn earste ynstânsje yn it Frysk opfierd. Nei 2024 wol Frets ek lanlik spylje mei in Nederlânsktalige ferzje fan Gozert. Se ha dêrfoar de rjochten krigen foar trije jier.
Foar skriuwer Koolwijk wat nijs. "Ik snap ook heel goed dat de Friese taal bewaard moet worden. Grappig dat het eerst in een andere taal is. Ik zal er wel niks van verstaan, ik heb wel een vertaling nodig."

Oars as oars

Neffens de manlju fan Frets, Freerk Hospes, Johannes Hospes en Patrick de Vries, is it tema fan it boek tige aktueel. "In soad jongeren binne oars en dêr is neat mis mei. Se krije faak in label en dat soe net moatte. Se binne goed sa as se binne en dat is de les fan dit teäter: fyn de Gozert en dysels", seit Johannes Hospes dy't Gozert spilet.
Berneboek Gozert krijt teäterfoarstelling
It boek moat net allinnich ornearre wêze om te lêzen, mar it ferhaal heart ek op de planken, fynt Frets. "Alles sit yn it boek. In soad fantasy, freonskip, humor en emoasjes. It giet oer oars wêzen en inoar echt sjen."
Fan 2024 ôf toert Frets trije jier lang mei de foarstelling by Fryske skoallen del.