Poerlilke Snitsers demonstrearje tsjin autolije binnenstêd: "Gjinien is hjir foarstanner fan"

Demonstraasje yn Snits
Demonstraasje yn Snits © Omrop Fryslân
Poerlilke bewenners en ûndernimmers fan Snits demonstrearren sneon tsjin it autolij meitsjen fan de binnenstêd. Sy binne net bliid mei in plan fan de gemeente.
"Gjinien yn Snits is hjir foarstanner fan", seit in demonstrant wylst hy mei 50 oaren op it Visplein oan de Prins Hendrikkade stiet. Ferskate demonstranten hâlde spandoeken omheech mei teksten as 'Weg met Autoluw' en 'Zeg ook nee, tegen dit absurd idee'. "Dit moat gewoan sa gau as mooglik fan tafel", fine se
Snitsers lilk om autolije binnenstêd
De gemeente Súdwest-Fryslân hat koartlyn stappen set om it sintrum fan Snits autolij te meitsjen. Dêrfoar is de Prins Hendrikkade, in strjitte oan de râne fan it sintrum, ôfsletten.
Dêrtroch is it ferkear ûntregele en ride auto's om troch de wenwiken oan de râne fan de stêd. "Je ziet nu ook een vrachtwagen die hier moet keren", seit Thijs Peetsma, organisator fan de demonstraasje. "Hij heeft totaal geen ruimte en kan geen kant uit. Het is levensgevaarlijk."
Demonstranten yn Snits
Demonstranten yn Snits © Omrop Fryslân
De demonstranten sizze net tsjin in autolij sintrum te wêzen. "Dat juichen we toe", seit Peetsma. "Dat is voor iedereen veiliger. Maar de manier waarop zo'n belangrijke straat wordt afgesloten, is niet handig", stelt hy.
"Iedereen rijdt nu terug het centrum in. Of keert halverwege op de weg en rijdt dan over het Kleinzand. Dat is juist middenin het centrum en dat is al een gevaarlijke straat. Deze actie strookt totaal met je eigen wensen als gemeente."

Undúdlik

Grutter probleem is de kommunikaasje fan de ôfsluting. De giele boerden dy't de oanwizingen oanjouwe, binne net te lêzen foar autoriders. "Je sitte yn de auto en je lette op de dyk", seit gemeenteriedslid Peter Walinga. Syn partij GemeenteBelangen is al langer tsjin de ôfsetting.
"At je dan in folslein boek lêze moatte foardat je witte wêr't je wol en net hinne ride kinne, dan is dat libbensgefaarlik. Dat smyt ûngelokken op. Dy binne gelokkich noch net bard, mar je wolle ek net wachtsje oant it safier is."
It boerd yn Snits
It boerd yn Snits © Omrop Fryslân
De proef mei it autolije sintrum gong op 2 jannewaris yn. De pilot rint in jier. Gemeente Súdwest-Fryslân joech earder oan yn petear te wollen mei de oanbelangenden oer de problematyk.
Dochs wolle sy ynsette op in autolij sintrum. "Sy dogge hjir krekt of binne sy Amsterdam", seit Walinga. "Wy bliuwe dit oanstippen, want dit plan moat gewoan fan tafel."
De petearen tusken wethâlder Michel Rietman en de oanbelangenden sille nije wike plakhawwe.