Liveblog | 27 jannewaris

112-nijs 27 jannewaris: A28 rjochting Fryslân ticht | Auto yn 'e brân op De Jouwer

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 27 jannewaris, 17:26
17:26

A28 tusken Staphorst en It Hearrenfean ticht nei ûngefal

Automobilisten dy't fan Zwolle nei Fryslân wolle moatte omride. De A28 is yn dy rjochting folslein ôfsletten. Dat komt troch in ûngelok mei meardere auto's tusken Staphorst en Meppel.
Rykswettersteat advisearret by knooppunt Hattemerbroek de ôfslach rjochting Emmeloord te nimmen.
De dyk sil nei ferwachting noch oant 00.30 oere ticht bliuwe.
08:42

Auto yn 'e brân op De Jouwer

De plysje op de Waling Dijkstrastrjitte
De plysje op de Waling Dijkstrastrjitte © ProNews Producties
Oan de Waling Dijkstrastrjitte op De Jouwer hat freedtenacht in auto yn 'e brân stien. De auto stie parkearre njonken de dyk. Hoe't de wein krekt yn 'e brân fleane koe, is net bekend.
De brânwacht waard om 02.00 oere hinne oproppen en hie it fjoer rap út, wêrtroch't der net mear skea ûntstie. De plysje hat de saak fierder ôfhannele.
07:05

Auto's mei-inoar yn botsing kaam op Plutoweg yn Ljouwert

De auto rekke flink skansearre
De auto rekke flink skansearre © AS Media
Oan de Plutoweg yn Ljouwert binne freedtejûn twa auto's mei-inoar yn botsing kaam. Dat barde by de ôfrit fan de Anne Vondelinweg. Der rekken gjin ynsitters ferwûne, de belutsenen binne wol kontrolearre troch ambulânsepersoniel.
De plysje hat de oanriding fierder ôfhannele. Beide auto's rekken flink skansearre en moasten fan de dyk ôfhelle wurde. De dyk hat tydlik ticht west foar it oare ferkear.
07:00

Goeiemoarn en wolkom

Wolkom by it 112-liveblog fan sneon 27 jannewaris. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.