Vereniging Oud Harlingen yn berop tsjin garaazjebou by eardere hûs Piet Paulusma

De sydkant fan it pân dêr't de nije garaazje komme moat
De sydkant fan it pân dêr't de nije garaazje komme moat © Omroep Zilt, Richard de Boer
Troch de bou fan in garaazje njonken in monumintaal pân op it Franekereind ta te stean, negearret de gemeente Harns syn eigen wolstânsnota en beswierkommisje. Dat stelt de Vereniging Oud Harlingen, dy't tsjin it fergunningsbeslút yn berop giet by de rjochter.
De feriening makket him soargen dat de bou fan de garaazje likegoed it beskerme stedsgesicht oantaast as it pân sels. It pân njonken de trije brêgen stammet út 1858 en is in gemeentlik monumint.
It wie oarspronklik in boargemasterswenning en wie yn de lêste jierren it wen- en wurkadres fan waarman Piet Paulusma, oant syn ferstjerren yn 2022.
De garaazje is pland op in iepen plak tusken dizze wenning en de huzen oan de Alde Turfkade. Om romte te meitsjen, moat in túnmuorre sloopt wurde en ferdwynt it frijsteande karakter fan it pân. Hjirtroch wurdt it ien gehiel mei de njonkenlizzende wenningen.
It pân op it Franekereind yn Harns
It pân op it Franekereind yn Harns © Omroep Zilt, Richard de Boer
De fergunning hjirfoar waard ferliend op 18 oktober 2022. Dêrop hat Vereniging Oud Harlingen beswier makke. It bestjoer naam in advokaat yn 'e earm en liet de ûnôfhinklike wolstânskommisje Libau de saak beoardielje. Libau kaam ta de konklúzje dat it ûntwerp net foldocht oan de noarmen foar monumintesoarch en wolstân.

Kolleezje fersmyt advys

Yn maaie 2023 joech de gemeente Harns in nije, wizige fergunning foar de garaazjebou, wêrtroch't in harksit oer it beswier útsteld waard oant ein juny. Pas fjouwer moannen dêrnei folget it beslút fan it kolleezje fan B en W om de fergunning dochs yn stân te hâlden.
Hjirmei fersmyt it kolleezje it advys fan de eigen beswierskriftekommisje, dy 't fynt dat de fergunning oanpast wurde moat.
"Dat de garage vergund is, staat niet ter discussie", ferklearre wethâlder De Groot yn desimber oan Omroep Zilt. "Je kunt het mooi of lelijk vinden, maar het kan volgens de welstandstoets."
De skets fan de nije garaazje
De skets fan de nije garaazje © Buro Ligthart
De Vereniging Oud Harlingen betwivelet dy claim en fielt him sterke troch it oardiel fan wolstânsorganisaasje Libau en de gemeentlike beswierkommisje.
Ek soe de gemeente syn eigen wolstânsnota tsjinsprekke troch yn dit projekt archeologysk boaiemûndersyk net te ferplichtsjen. Yn de nota stiet dat dat wol moat by sokke bouprojekten yn it âlde stedssintrum.
"Er is daarom een beroep ingesteld bij de rechtbank Noord-Nederland", lit it bestjoer fan Oud Harlingen witte. "Het is nu aan de rechter om over de verleende vergunning en de procedure te oordelen."
Dy útspraak kin neffens Oud Harlingen mooglik fiergeande gefolgen hawwe foar de beskerming fan it histoaryske karakter fan Harns. Yn de binnenstêd fan Harns steane mear as 500 ryksmonuminten, sa 'n 140 gemeentlike monuminten en dêrnjonken noch goed 400 byldbepalende pannen.

Gestokel

De bouwurksumheden oan it pân, sawol binnen as bûten, lizze al in skoft stil. "Zodra de uitkomst positief is, gaan we rustig beginnen", lit eigener Jan Willem van Stee witte. Hy betreuret it dat Oud Harlingen it net iens is mei it ûntwerp en neamt de beswieren 'stemmingmakerij'.
"Dit was namelijk ter goedkeuring rondgestuurd naar alle betrokken partijen, waarbij uit kleur, vorm en daktype kon worden gekozen. Wat daar uitgekomen is, is goedgekeurd."
Van Stee seit kontakt socht te hawwen mei Oud Harlingen, mar dat waard "niet positief ontvangen" troch de beswiermakker. "Er is helaas nooit een poging van deze partij gedaan om dit op te lossen. Als oud-Harlinger vind ik dat erg jammer."